Earste publikaasje Waailân

Ilse Vos, Jolanda Gooiker, Simon Oosting by Kaap Hoorn. Foto: Geart Tigchelaar

Twa wiken lyn strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t dy sneons makke wie jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.

De earste trije dichters fan wa’t it optreden no bewurke is ta in online presintaasje, binne Ilse VosSimon Oosting en Jolanda Gooiker. Jo kinne harren bydrage hjir besjen. De kommende wiken publisearje wy ek de kreaasjes fan de oare groepkes.

Geart Tigchelaar makke de filmmontaazje, Ilse Vos de audiomiks.

oade oan de ferteller

 

Peter Vermaat is moannedichter fan Septimber by RIXT. Oade oan de ferteller is  syn earste moannegedicht. Lês en harkje ek by Omrop Fryslân.

Foto: Geart Tigchelaar

 

oade oan de ferteller

                                           foar mindert wijnstra

hy makket floeiber wat sûnt jierren stjurre
weismiten is yn ’t jiskefet fan ’e tiid
hy kin de seefroulju noch libje litte
wit wêr’t de duvel dûnset yn it tsjuster

op it hynder set troch in âlde samler
nimt er dy mei nei ’t bosk fan de ferbylding
dêr’t it kweade wiif fan hylpen sels feroaret
ljocht sjocht er, mar it skuorret mei de sjamme

hikke en tein yn in doarp joech de heide
trelit mei boskwachters mykjend gewear
dêr leit de berte fan in grut ferteller

as master wist er eltsenien te foarmjen
liet er bern dreame fisk en kij foarby
no bringt de loft tebeksetters en soargen

De geast en de beam

‘De geast en de beam’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan augustus.

Foto: Geart Tigchelaar

 

De geast en de beam

In âld hûs, in beam stiet der neist.
Hy hat dêr wenne yn syn dreamen.
No, lykwols, waait de noardewyn

en heukeret er yn tinne klean.
Faaks is er dea, hy wit neat.
Sil it hûs ek sûnder him bestean?

Blau hinget de dei boppe de wolkens, 
myn griene hier befriest.
In sykjende wikel twifelet

tusken myn wynbrauwen.
Ik bin de beam, fruchten en fûgels
rûgelje fan myn tûken.

De woartels krûpe stadich ûnder it hûs,
skuorren lûke troch de âlde muorren.
De geast wol graach werom nei syn heit.

Dichterskollektyf RIXT – ‘De bui’

Yn ‘e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op ‘e Feanhoop. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen.

Dichter fan ‘e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen, dat er begjinne liet mei de rigel: ‘De bui nimt de mar net.’, ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman ‘De nacht fan Belse Madam’ (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

Alle dagen belle Omrop Fryslân mei it oanwêzige twatal om te hearren hoe’t it gedicht him ûntjoech. As ôfsluter waard it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De dielnimmende dichters wienen:

Cornelis van der Wal
Janneke Spoelstra
Rein de Lange
Kate Schlingemann
Edwin de Groot
Anne Heegstra
Simen de Jong
Tialda Hoogeveen
Carla van der Zwaag
Ypie Bakker
Tsjisse Hettema
Syds Wiersma
Dirk Geerdink
Yva Hokwarda
Jan Kooistra

Ynlieding ynsprutsen troch Geart Tigchelaar
‘De bui’ ynsprutsen troch Cornelis van der Wal
Filmke makke troch Geart Tigchelaar

De ynbrekker fan glês

Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne augustus by RIXT. De ynbrekker fan glês is syn earste moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar
De ynbrekker fan glês

Hy kin de keamer net mear fine, faaks is er de kaai
yn syn holle kwyt. Sinne stekt de nekke fan de ynbrekker
troch dûbeld glês.

Skiep weidzje op ’e seedyk, skiere wolkens driuwe derboppe,
de ynbrekker flechtet foar de sinne, stikken glês prisma yn syn eagen.

De mankelike wyn gûlt om de mêsten hinne yn ’e haven fan Hylpen,
de ynbrekker is in iisbrekker. Los binne de skossen fan ’e simmer.
Elektryske stoarm yn histoarysk waarglês.

De plysje slút de ynbrekker wiisprater op yn in skurf sniedoaske.
Skodzje mar ta.