Tiid

Poëzij fan Aggie van der Meer. It fers Tiid is yn opdracht skreaun, nei oanlieding fan de iepening fan de publieke romte TIID yn it Boalserter stedshûs.

Foto: Geart Tigchelaar

 

TIID

Earst wie dêr it einleaze langstme
dêr’t, feriene  mei de geast fan alle tinken
en it wetter fan alle libben, dy twa,
de tiid út berne waard.
De tiid dy is en bliuwe sil.
De tiid, dêr’t him alle libben, ûntstien
út de stof fan stjerren, opnommen wit yn in
ûnmisber geheimsinnich gehiel.
&
Oars as de fûgels, de flinters, it wyld en al it griene libben
binne it de minsken dy’t witte dat de tiid
in jefte is en in opdracht, har yn hannen lein,
om alle libben te hoedzjen, it te ferwarren
tsjin it ferryflike waar en de omgong fan syktes en gjin ein.
&
Yn it dwaan fan de minsken
om it daagjen net te missen,
har neat ûntkomt fan wat him yn ‘e fierten en hichten
fan ‘e tiid ûntjout yn nij tinken,
yn ljochtend ynsicht en altyd wer hoop,
biedt de tiid him oan op wjukken fan geast.
Sizze se: sjoch dit is ús tiid: se fleant foarby.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *