Swier
In besliepte wrâld.
Wyn hellet rillich oan
Swiere wolken
komme jachtich op ús ta.
Mei it krôkjen
fange fleagen oan.
Yn ’e kream folt de loft har
mei readfallich ljocht.
Lang ynhâlden azem
ferlit mei krêft it himelbêd
Stripen snie wiskje oer fjilden,
bedobje stadich lijen.
By ’t ferdrûgjen
fan de wite poppe
foegje wy koaltsjes,
woartel en in sjaal ta.
Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
It fers ‘klisjees’ (‘clichés’) is syn earste fers dat skreaun is nei oanlieding fan it tema ‘mei-inoar’ fan de Poëzywike.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.
En bist wekker wurden goed gefoel is Syds Wiersma syn tredde moannegedicht fan jannewaris 2021.
Foto: Geart Tigchelaar
En bist wekker wurden goed gefoel
wat giet der yn sokke hollen om?
wêr helje se de ûnbeskoftens wei
om oarmans guod blyn
har ta te eigenjen?
hoe binne se moarns wekker wurden
mei de knip op ’e bút?
wat seit it gewisse einliks?
hingje der gjin spegels by dy lju yn de huzen?
hoe ferklearrest it psychologysk
of moatte wy it patologysk besjen
as sa’n man as Mark R. seit
dat er wol de baas wie mar net krekt wist
wat der barde doe’t er derby stie te sjen
him dêrom net skuldich fiele kin
mar in pear wiken letter wol om it hurdst ropt
dat sokke plonderjende relskoppers rosmos binne
wat giet der yn sa’n holle om?
‘Fyts ’m d’ryn Mark’ is Tsead Bruinja syn lêste gedicht as Dichter des Vaderlands.
Foto: Geart Tigchelaar
Fyts ’m d’ryn Mark
elke kikkert moat syn fiver kenne sizze se yn bulgarije
ik tocht dat it betsjutte datst op ’e hichte wêze moatst
fan wat der yn dy fiver libbet mar wa’t dêr syn eigen fiver
ken as kikker wit syn plak is de werklike betsjutting
it is de heechste tiid foar my dizze fiver op te jaan
wat net slim is ik bin wyt haw wurk oan fraude
sinjalearring foarsjennings bewarje ik gjin inkeld oantinken
ik kom net foar op ôfwurke listkes gjin skandaaltsje
klibbet oan my útsein xxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
it is in frij lân boppedat justjes frijer foar my
en de direkteur fan ’e belestingtsjinst
as foar fatima tarik of genelva
in traap nei wol ik dy net jaan mark in aai oer de bol
ek net al hiest it goed mei my foar
en makkest oeroeren op dyn oeroeren
(as ik folslein ynformearre bin)
mei dy fierder en mei-inoar oan ’e slach fyn ik wat oerdreaun
of wy nifelje fan ’t simmer in sydspan oan dyn koga
en melde ús oan by dat spulprogramma
klearebare willewurk
sa wier helpe my god almachtich
ek dy fan fatima tarik en genelva
Sense of place is Syds Wiersma syn twadde moannegedicht fan jannewaris 2021. It fers is skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan Joop Mulder. It is de ferbylding fan in kuiertocht bûtendyks, op de grins fan de Nije Biltpôlen en it Noarderleech, ien fan de biotopen dus dêr’t Mulder syn kust-keunstwurken foar Sense of Place situearre en fisualisearre.
Foto: Geart Tigchelaar
Sense of place
Nije Biltpôlen/Noarderleech
Gjin moarnsmins glydzje ik út oer
rûchferzen slyk. Beripe poldykjes.
In wite dea fan oanspield snileguod.
Rusken sneedsk brún as sloopark.
Ik folgje de slinke, ik kin net oars, as
bern al berûn ik bochtige sleatswâlen,
stand-ins by krapte oan oprinners.
In strypke eilân dêr, leit hjir bûtendyks
lân skaakt ûnder in loft dy’t glierblau
syn troef fan ûnskuld útspilet, glêzich
de oeren klimme lit, teie ta in sompe
fan finisterre. Skou krûpt it streamen.
Werom yn Nijesyl knoffelje ik oer bulten,
snip tsjirpende mosken om se letter grif
as platfiskjes frij te litten út kustwurken.
No no-nonsense myn stap oer ’t beton.
It boulân lekt alwer wetter út de pypkes
op de Aldrij. De sinne búkbelslidet oer
in flueske iis. Jezushin stekt hastich oer:
roppich nei fergetten bliid boadskipkes.
Dichterskollektyf RIXT winsket elkenien mei in fers fan Carsten René Nielsen en oersetten troch Geart Tigchelaar in sûn en poëtysk 2021. De tekening is fan Mette Norrie.