Poëzij fan Carla van der Zwaag.

Swier In besliepte wrâld. Wyn hellet rillich oan Swiere wolken komme jachtich op ús ta. Mei it krôkjen fange fleagen oan. Yn ’e kream folt de loft har mei readfallich ljocht. Lang ynhâlden azem ferlit mei krêft it himelbêd Stripen snie wiskje oer fjilden, bedobje stadich lijen. By ’t ferdrûgjen fan de wite poppe foegje wy koaltsjes, woartel en in sjaal ta.
Moai 💕