En bist wekker wurden goed gefoel is Syds Wiersma syn tredde moannegedicht fan jannewaris 2021.

En bist wekker wurden goed gefoel wat giet der yn sokke hollen om? wêr helje se de ûnbeskoftens wei om oarmans guod blyn har ta te eigenjen? hoe binne se moarns wekker wurden mei de knip op ’e bút? wat seit it gewisse einliks? hingje der gjin spegels by dy lju yn de huzen? hoe ferklearrest it psychologysk of moatte wy it patologysk besjen as sa’n man as Mark R. seit dat er wol de baas wie mar net krekt wist wat der barde doe’t er derby stie te sjen him dêrom net skuldich fiele kin mar in pear wiken letter wol om it hurdst ropt dat sokke plonderjende relskoppers rosmos binne wat giet der yn sa’n holle om?