Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Needpakket’ is syn twaadde moannegedicht.



Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Needpakket’ is syn twaadde moannegedicht.


In oade oan Femke Kok fan Syds Wiersma
it rjochte ein
op de krusing ta
wurdt sy in fûgel oer it iis
dy mytyske
koest it hast net leauwe
mei de wyn yn ‘e rêch
oer de Dokkumer Ie
datst sa noch ris fleane soest
wurdt sy mei twa earmwjokken
swypkjend oan it kliene liif
de toerfalk
dy’t har kloeren yn de warleaze
foar har slacht
de binnenbocht yn fljocht
stiif by it rântsje del
hinget se wreed tsjin de sintrifugale macht
trapet troch, it skonkedier
wurdt dy lêste klappen
wer minsk
dy’t wit dat sy de ôfgrûn
fan it ferliezen hjoed
útbonke hat
sjoch hjir har gouden 500 meter race yn Milaan:
Noch in nij gedicht fan Rein de Lange.

Foarby
Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Hounspolder’ is syn earste moannegedicht.

hounspolder
lêze kin ik net
buordsjes fan hjir net briede
sykje mar in oar plak
binne oan my net bestege
fleane kin ik wol
en dat hiele einen
yn febrewaris kom ik
út afrika nei nederlân
sûnder te tanken
of in gehakbal yn sjú
navigearje kin ik as de bêste
sûnder gps en lânskaart
nettsjinsteande al jim ljochten
bebouwing en lânhonger
briede kin ik ek
al gau in aai as fjouwer
fyn marris in plakje
foar in moai nestke
ik sei al
lêze kin ik net
dus wat in reade list is
wit ik net
dat ik dêr op stean
fernuveret my net
fernuverje kin ik dus ek
oer it feit dat jim my grutsk neame
kening fan ’e greide
botte keningsgesind binne jim oars net
it lit him riede hoe’t jim omgeane
mei bisten dy’t net fan adel binne
prate kin ik net
dichtsje dan wol wer
dus ik einigje mei rym
wat in ferskuorrende kolder
dat jim bouwe yn ’e hounspolder!
Harkje nei dit fers op Soundcloud
In nij gedicht fan Rein de Lange.

Kosthûs Ierde
yn swarte keamers sitte
âlde pizelers mei boesgroentsjes
wachtsjend op it momint
iepenje heimlik doarren
mei de kaai fan bedonderjen
har eigen wierheid as wachtwurd
de kastlein ken syn gasten
in rop om Themis har swurd
de skealjes orakelje de rede
de bringer fan it suverjende lûd
Ignasi Ripoll is in Katalaansk dichter, dy’t yn Frjentsjer wennet. Ferskate fersen fan him binne troch Syds Wiersma yn it Frysk oerset.

Gener a Amersfoort
Un hivern mascle, gebrat arreu,
com un vell noble en el seu feu,
les branques cristal·litzades
que el vent emborna debades
i el cel tot parat d’un blau
vellutat, on el fred rau,
com jau el pa dolç a taula,
el vi, el formatge i la faula
que a escalf de l’amor s’empara
rere el tel que el vidre amara.
—
Jannewaris yn Amersfoort
In rûge froast en winter fan stien,
as ’n âlde ealman yn syn lien,
beïzele de tinkel-tûken
op ’e wyn fergees oan ’t lûken
en de fluwielen loft bedutsen
mei ’n blauwens út de kjeld wei lutsen
sa’t it swiete brea op ’e tafel stie,
glês wyn, stik tsiis en de sêge gie
dat leafde in waarm plakje fûn
efter ’t besleine rút bespûn.
Oersetting: Syds Wiersma
Aukje-Tjitske is dichter fan de moanne Jannewaris 2026 by RIXT.
Se set it gedicht ‘Feroaring’ út har bondel Geosmine (2025) yn it moanneljocht:
‘As ik it nijs folgje, krij ik gauris pikefel en langje ik nei feroaring. Dêr giet dit fers oer. Ik moast dêrby ek in bytsje oan it gedicht ‘De rop om Doede’ fan Hidde Boersma tinke en de moaie opbou yn it gedicht ‘Wer net’ fan Harmen Wind. En fansels foaral oan it flintereffekt. It moaie oan dat effekt is dat lytse dingen derta dogge en feroaring teweech bringe kinne, ek al fielt in inkelde stap faak sa lyts en sinleas. Ik tink dat der mear minsken langje nei feroaring, mar hokker feroaring dat krekt wêze moat, is noch net sa dúdlik.’
Feroaring
it begjint mei in sigentsje
datst allinne mei de lippen heine kinst
foar’st it witst, blaast it fuort
mar mei in flinterke gelok
wurdt it in twirre
in brekking in heal idee
as it oanboazet ta in flaach,
silst it sjen oan ‘e beammen
sil it oer dyn wangen aaie
groeie ta in pûst in wyn
in oertsjûging dy’t minsken fynt
tûken hieltyd hurder swaaie lit
en dan – in net te hâlden stoarm
dat fluitet om dyn oandacht
dy de siken benimt dy bespringt
alle eangst fuortblaast
dy de kop wer skerp raast
it sil oer de seeën bolderje
alle lannen kriten nij dwaan
oer woastinen bosken prairies jeie
sjonge dûnsje dichtsje
oarloch dien jaan
al it kromme rjocht draaie
de fraach is no:
hokker flinter ha wy nedich
hokker wjukslach
Ut:
Geosmine; gedichten van een geurende aarde (2025)