Aukje-Tjitske

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga (1984) komt fan it Bildt (Nij-Altoenae) en hat as bern seis jier yn Warten wenne, wêr’t se Frysk learde. Op har tolfde kaam se foar in pear jier werom nei it Bildt, foar’t se op har santjinde Fries om utens waard. Taal en skriuwerij ha altyd har grutte ynteresse hân. Se begûn mei it skriuwen fan gedichten op har fjirtjinde en wurke jierrenlang as selsstannich tekstskriuwer. No wurket se yn dieltiid by in bedriuw dat apps makket foar minsken dy’t (suver) net of net altyd prate kinne.

Dêrnjonken leit se har ta op poëzy en proaza, yn it Frysk, Nederlânsk en somtiden Ingelsk. Se is foarsitter fan Dichtersgilde Terneuzen, treedt in soad op mei har poëzy en wûn yn 2024 de Maerlant Poëzieprijs mei it gedicht ‘Definitief’. Dat gedicht kinst hjir lêze.

Earder skreau se al it bondeltsje Jouw landschap adem ik (2012) en yn novimber 2025 ferskynde har bondel Geosmine.

Sweltsjes

Jim alfabet kin ik net ûntsiferje
nea ha ik jim wjukslach leard
jim binne fiifdimensjonaal
en links- of rjochtsom te sofistikeard
foar myn ienfâldich begryp

Lit it in kombinaasje wêze
fan jim gepiip, de hichte, it lûd, it momint,
en jim maneuvels, jim dûnsjen,
dy’t taal fuortbringt

en sa’t jim ûnder en boppe elkoar
om en neiby en oeral krekt bywei
giselje en troch lytse kieren sjitte
de kearn sjen litte fan it libben

michjes ite, fleanen leare
partner fine, pearje,
striekes garje, drek boetseare

sa begripe jim elkoar en witte
wat ik noch leare moat

ik kin net oan jim tippe
net iens jim freegje
om it koart en dúdlik
út te lizzen


Publisearre by it Dichterspaad fan Aldegea
https://www.oudega.info/dichterspaad