Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne oktober by RIXT. Der heart in grapke by is syn earste moannegedicht.
der heart in grapke by
kuierjend oer it gemeentlik hôf yn Harns
seach ik twa neistinoar lizzende sarken
op in grêfsark fan granyt
lei in wyt, ovalen stientsje
mei de tekst ik mis dy;
op de marmeren grêfsark dernjonken
lei in read stientsje yn de foarm fan in hert
dêr’t yn wite letters op stie ik hâld fan dy –
it wite, ovalen stientsje
lei ik op de marmeren sark
en it reade, hertfoarmige stientsje
op de graniten sark
Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT, ‘oan ‘e igge’ is syn twadde moannegedicht.
Foto: Henk Nijp
oan ’e igge
wer dûnsje wy de slowfox fan it stil fertriet,
wurden dy’t wy nea sprutsen
spegelje de romte tusken de paskes,
âlde patroanen as nerven yn ’e flier,
wy witte linken fan de râne en de hoed,
fan de foarke oan ’e stôk
dagen glydzje troch de mesken fan de tiid
ferdwine yn it sinkgat fan ’t ûnthâld,
wat oerbliuwt binne relikwyen
fan in libben oan ’e igge fan ’t bestean,
– faaks diene wy te hurd ús bêst,
skipbrekkelingen fan it lot
fine wy wjerklank yn ússels, of by de oar,
oer it rjochte paad of fia de omwei fan ’e leagen,
is it lotter leffens of inkeld ûnfermogen,
ommers in hiemhûn hapt allinnich lucht en nea de proai,
libbet tusken keatling en de koer,
ûnthellet jankend elke jûn opnij de moanne
as op ’t lêst it ljocht wer oangiet,
snaar- en slachwurk swije
huverje wy yn iere moarnsdamp,
ús earmen sakje, paskes wurde passen,
ik stjoer dy langer net, do draaist sa grasjeus net mear
Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT. ‘de wâl fan it Djip’ is syn earste moannegedicht, in fers (tige) frij nei Otis Reddings ‘(Sittin on) The dock of the bay’.
Foto: Geart Tigchelaar
de wâl fan it Djip
ik sit op ’e wâl fan it Djip
sjoch it wetter dat streamt
reiden dy’t wiuwe op ’e wyn
in skip komt tuffend foarby
it skip komt tuffend werom,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein
’k sit op ’e wâl fan it Djip
in swel tipt op in weach
gjin wolk driuwt oan ’e loft
it waar is fierstente moai
ik ferdoch hjir myn tiid,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein
’k sit op ’e wâl fan it Djip
it skaad fan de beam slokt my op
myn flesse is al moai leech
en dy bin ik kwyt
wêr moat ik hinne,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein
’k sit op ’e wâl fan it Djip
wat de minsken ek sizze
– moai praat by de rûs –
ik kin der neat mei
want wat wit men derfan
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein
’k sit op de wâl fan it Djip
de moanne krûpt stadich omheech
flearmûzen fladderje stil om ’e beam
hja binne mei twa
en ik mei mysels
daalk sit ik hjir noch
ha te folle oan ’e kop
It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT
Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.
By gelegenheid fan it earste lustrum komt RIXT, yn gearwurking mei útjouwerij Louise, mei in jubileumbondel. It is in seleksje út fiif jier poëzy by RIXT. De measte gedichten yn de bondel binne publisearre op de RIXT-webside of skreaun foar projekten organisearre troch RIXT. Fyftich dichters hawwe fersen foar de bondel oanlevere. In eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) hat de fersen foar de bondel selektearre. Fan alle dielnimmende dichters is ien fers opnaam. De bondel jout in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. It is in kaleidoskopysk byld fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.
De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns. Lokaasje is Theater De Bres yn Ljouwert, tiid fan 13.30 oere oant 22.00 oere. Op trije sneinen dêrnei (8, 15 en 22 oktober) sil it boek ek presintearre wurde op in rige dichtersmiddeis, dêr’t dichters yn wikseljende groepkes optrede sille, mei oandacht ek foar muzyk en byldzjende keunst. Lokaasjes Grou, Ouwe-Syl en Nijelamer.
—————————————
It ritme fan RIXT
140 siden
Hurde omslach mei heal linnen rêch
€22,50
Utjouwerij Louise
Mear ynformaasje as in resinsje-eksimplaar:
Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord 06-54983002
Frysk Dichterskollektyf RIXT / Syds Wiersma 06-38018355