Anders Rozendal (Easternijtsjerk, 1946) begûn mei it skriuwen fan koarte ferhalen yn it Friesch Dagblad en yn de Fryske ferhalebondels fan de Afûk en de Friese Pers Boekerij. Ferneamd is syn ferhaal ‘Wetterloo’ yn ՚e jubileumútjefte fan it Fryske Boek. Dêrnjonken skreau er in ferhalebondel, in jubileumboekje oer it Ljussemer muzykkorps en in grut tal romans. Opfallend is it ferskaat oan tema՚s dêr՚t er him oan weage. De lêste jierren giet er ek it wiffe paad fan de poëzy op.
Hokjepoel
By seedyk de Hokjepoel
dêr hûntsjeklauden wy
troch gifgrien wetter
faak fiske ik
by it dykwachtshokje
yn in stien kraste ik mei
in roastige spiker A.M.R
mei de R skeat de spiker
út ՚e bocht
foar ivich skeind
de namme
nei jierren kaam ik werom
de dyk ferbrede, ophege
de poel wie der
it hokje net mear
Hoe neame jo
in Hokjepoel
sûnder hokje


