‘Learzens oan’ is in gedicht fan Pieteke de Boer. it is skreaun nei oanlieding fan it tema fan de Poezieweek: thuis.

Learzens oan
Bliuw thús as it kin
de minsken hoege net te witten
dat de doar al op in kier stie
dyn hân op de kruk
de jas tichtknope
Wetter strûpt ús hiem derûnder
bûten moatte learzens oan
mar hjir hâlde we it drûch
drompels kinne it noch keare
of is dizze bui ien tefolle?
Bliuw thús as it kin
lit ús krekt as de bern
boartsje yn wetterplassen
springe, stampe, boatsje farre
lit ús it seil hise
en dan op nei Hegebeintum

