ek ik bin jiske

Myrte Marije Veenbaas (1986) is moannedichter fan augustus en hat keazen foar in fers dêr’tst de oan- en ôfwêzigens fan har mem (ferstoarn yn 2025) yn fiele kinst. Dit gedicht slút foar har oan by dizze moannen, wêryn’t de natuer op har moaist is en tagelyk de oankommende hjerst al fielber is.

Foto: Myrte Marije Veenbaas

ek ik bin jiske

mei myn ear tsjin it lid
hear ik de stilte fan dyn azem
folgje de linen fan dyn skurte
ea wie ik sels net mear
as grús

ik sjoch dyn fingers
yn myn hân

ik klopje
do seist
ik bin al fuort
as piipgers yn ’e hjerst

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *