Dizze wike wurde by alve Fryske Voedselbanken literêre krystkaarten besoarge, dy’t Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei seis auteurs en in yllustrator ûntwikkele hat foar de goed 1.500 kliïnten en frijwilligers fan dizze Voedselbanken. City of Literature wol harren op dizze wize, sa flak foar de feestdagen, graach wat opmoedigje en sa omtinken te jaan oan de Voedselbanken, dy’t driuwend ferlet hawwe fan stipe en produkten.
De kliïnten en frijwilligers krije in pakket fan seis unike kaarten en in Molkwarder Koeke. Foar de kaarten benadere Ljouwert UNESCO City of Literature de dichters en skriuwers dy’t yn de hjerst mei de Dichtdiners in foardracht jaan soene (dat is úteinlik annulearre). De opdracht: skriuw in gedicht of in ultrakoart ferhaal oer iten. Marije Roorda, Edwin de Groot, Anne Feddema en Martin Reints skreaune in frij fers. Joost Oomen en Nicole van den Berg hawwe in koart ferhaal skreaun. By alle teksten makke Willie Darktrousers in passende yllustraasje. De teksten en yllustraasjes wurde ek publisearre op leeuwardencityofliterature.nl.

De aksje past by de doelstelling fan Ljouwert UNESCO City of Literature om literatuer út Fryslân foar elkenien tagonklik te meitsjen, ûnder oaren troch gedichten en ferhalen op ûnferwachte plakken en mominten te dielen. It is ek in ferfolch op de aksje yn april fan dit jier doe’t, yn gearwurking mei RIXT, by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge binne foar de goed 5.000 bewenners.

