It trochjougedicht ‘De bui’ is ôf! Op de Skriuwersarke by De Feanhoop hawwe in wike lang twatallen RIXT-dichters mei-inoar wurke oan it gedicht, dat begûn mei de ‘Rigel fan Rink’:
‘De mar nimt de bui net’
De dichters dy’t oan it gedicht wurke hawwe binne:
Janneke Spoelstra en Rein de Lange
Kate Schlingemann en Edwin de Groot
Anne Heegstra en Simen de Jong
Carla van der Zwaag en Tialda Hoogeveen
Ypie Bakker en Tsjisse Hettema
Wy wolle alle dichters tankje foar harren entûsjasme, gearwurking en kreativiteit! It hat in prachtwike west op it Arkje mei in slagge en poëtysk resultaat!
Yn dy wike wie Geart Tigchelaar oanwêzich as gasthear en fotograaf. Alle foto’s hjirûnder binne fan syn hân.

























Foar it mooglik meitsjen fan de ‘Rigel fan Rink’ wolle wy tanksizze:
Stifting FLMD en it Fryske Gea foar it beskikber stellen en klearmeitsjen fan de Arke foar RIXT;
Omrop Fryslân foar it deistige tillefoantsje mei de dichters;
Poiesz Boarnburgum foar it foarsjen fan drûch en wiet;
Kafee Marktzicht, Ronald, foar it wolkom hjitten fan ús foar in smoute ôfsluter yn Drachten.
Foto’s meie net sûnder tastimming fan de fotograaf Geart Tigchelaar brûkt wurde.










