jou my de maitiid

jou my de maitiid is in fers fan Martsje de Jong. Meikoarten ferskynt de Deenske ferzje fan it gedicht  yn it literêr tydskrift M gasin.

Foto: Ydwine Scarse

 

jou my de maitiid

jou my de maitiid
ast kinst, lit myn stappen
lichter wurde, myn holle
ljochter, meitsje kringen
yn myn fiver

wier, ik bin gjin swiersetter, mar
myn liet klinkt falsk, myn liif
sit fêst en it aai brekt
as ik it beethâld

jou my de maitiid
ast wolst, stryk dyn hân
oer myn hert, skodzje myn
ritme, plantsje blommen
yn myn ierde

te kâld, dizich en griis is de moarn
te wreed de wrâld

slingerje my werom yn myn baan
om de sinne, ik wol
striekesmite, klaaipoaten
befykje, peaske-aaien stjoere
nei it front

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *