Oan ’e igge

Myrte Marije Veenbaas:

‘Yn augustus is de natuer op har moaist; tagelyk is de oankommende hjerst al fielber. Midden yn de simmerdagen fiel ik dat septimber kommendeweis is; de moanne dat ús mem siik waard en in moanne letter ferstoar (2025) en de moanne wêryn’t ik myn omke ferlear (2024). As moannedichter ha ik in fers skreaun oer ús mem. Om ek myn omke te earen set ik in earder publisearre gedicht foar him (2025) yn it moanneljocht.’

Oan ’e igge ferzje 2

ik seach yn it wetter fan ’e mar
fielde my heal
no’tsto der net mear

in skûtsje fear fuort, rimpele
it gesicht dat my trof

it reid tyske syn folle plommen
yn myn boskje striehier

sâlt, maskara en snot priken myn mûle

ik woe mysels werkenne,
in stêd mei ôflibbe gevels

oant ik in giel blêd laitsjen seach
yn ’e dridze fan ’e igge

ik sei bist der einliks

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *