‘De ûngelokkige túnfrou’ is in nij gedicht fan Janna van der Meer.

De ûngelokkige túnfrou
No’t ik hjir arbeidzje
yn hakkelige grientebêden
fan begearige tomaten,
beannen en reade biten
slakken griis slymjend
rûpen mei ûnaaibere fachtsjes
fiel ik my as in flinter
yn in stâl fol hokkelingen.
sko ik delikate
mouwen mei blomkes beprinte nylon
troch melt en brânnettel
as frjemdlingen yn in nije stêd
klaue myn hannen
en gripe om ’e nocht
as nei in bear op ’e merke
it soe sa moai wêze
tichtby de natuer
mar kluten klaai ha gjin begrutsjen
en beien hingje
tusken stikels
read
plantebloed.