Elmar Kuiper is moannedichter by RIXT fan febrewaris 2023. JONG SELSPORTRET is syn twadde moannegedicht.

JONG SELSPORTRET
bist al skitende krekt
te smel is dyn nekke
hast gjin mûle en noas
dyn hannen koene wol
heksebiezems wêze en
wat te tinken fan dyn
holle: dat is in sitroen
de skonken lykje op ’e
tinen fan in heafoarke
en dyn eagen dan: twa
luzige stipkes. moatst
sa nei de wrâld sjen?
Wat moai Elmar! Sa wier!