Tongslach

Tongslach is in fers fan Froukje Reitsema

Foto: Froukje Reitsema

tongslach

gjin wurd dat ljocht jout
yn de gongen fan it labyrint
myn twongen tonge fier út de mûle
priuwt inkeld in fersin
ik hein taal noch teken

stil bin ik, wachtsje
oant echo út de muorren sjongt
myn bolster kreaket
my wurden leart te winnen
it ljocht fan nije taal

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *