Literêr Sirkwy op 16 desimber yn Drachten

IT LITERÊR SIRKWY – stimmen, lûden en tiden yn Drachten

 

Freedtejûn 16 desimber hâldt Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear yn Drachten, by kafee Marktzicht. Der trede sân dichters op en de poëzyband DOT WIER’UM bringt ferskate nûmers út de gedichtesyklus ‘Achterdyk’. In iepen poadium is der fansels ek wer, foar wa’t graach dichtwurk oan it publyk hearre litte wol.

Yn augustus siet RIXT mei in pear dichters in wike op it skriuwersarkje op de Feanhoop. Se hellen in projekt út de jierren 90 foar it ljocht. Doe waard yn alle Fryske gemeenten in Fryske dichter keppele oan in byldzjend keunstner. Dat smiet 32 nijsjirrige wurken fan byld en wurd op en dy waarden prachtich bibliofyl útjûn. Grutte nammen as Baukje Wytsma, Jan. J. Bijlsma, Willem van Althuis, Sjoerd de Vries en Gerrit Terpstra wiene dêr doe by belutsen. RIXT rôp dichters op om te reagearjen op de fraach: Hoe sjogge jimme mei de eagen fan no nei dy bylden en wurden fan doe? Guon dichters (Gerrit de Vries, Simon Oosting en Edwin de Groot) hawwe dêr ôfrûne simmer gehoar oan jûn en sille op dizze Literêre Sirkwy-jûn hearre litte hoe’t sy harren troch dy stimmen fan doe ynspirearje litte.

Dêrnjonken is Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma yn Drachten fan de partij, lykas de jonge dichters Hindirk Hannema en Marije de Lange. Syds Wiersma ferbyldet mei de poëzyband DOT WIER’UM it libben en fiskerslatyn fan de âldste garnalefisker fan it Waad, fêstlein yn syn gedichtesyklus ‘Achterdyk’.

In jûn oer doe en no, mei in ryk ferskaat oan stimmen, lûden en tiden.

————————————————————————————————————————-

Datum: 16 desimber
Tiid: 20.00-22.00 oere
Plak: Kafee Marktzicht, Drachten (Oudeweg 14, 9203 AG)
Tagong: fergees
Dichters: Edwin de Groot, Hindirk Hannema, Sigrid Kingma, Marije de Lange, Simon Oosting, Gerrit de Vries, Syds Wiersma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *