Boekpresintaasje Hear fan ’e miggen op 29 oktober by Paviljoen MeM

Boekpresintaasje Hear fan ’e miggen op 29 oktober by Paviljoen MeM

Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan ’e beskaving tin is.
William Golding debutearre yn 1954 mei it wrâldferneamde boek Hear fan ’e miggen. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. It boek ferskynt no, oerset troch Geart Tigchelaar, foar it earst yn it Frysk troch oersetter Geart Tigchelaar.
Op 29 oktober wurdt de oersetting presintearre by Paviljoen MeM yn Egypte (tichteby Bûtenpost). Tigchelaar sil net allinnich wat út it boek foarlêze, mar literatuerwittenskipper Tryntsje van der Steege set it boek yn in bredere kontekst. Teater/muzykgroep Bern fan MeM sil by it kampfjoer op it mysterieuze plak tusken it Poelepaad en De Swadde in pear sênes út it boek útbyldzje, sadat elkenien fielt hoe’t it is om op in ûnbewenne eilân húsmanje te moatten. Nei de boekpresintaasje begjint om 21:30 oere it programma fan de Nacht fan de Nacht.
Skriuwer, dichter en oersetter Geart Tigchelaar (1987) hat yn 2016 de Obe Postmapriis wûn foar syn oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek. De oersetting fan Hear fan ’e miggen is syn fyfde proaza-oersetting.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *