(3) Ferwûndering en ferûntrêsting – Kor Onclin / Griet Westra

Oflevering 3 fan ‘Ferwûndering en Ferûntrêsting’.
Hjoed de trijetalige haikû fan Griet Westra by it wurk Upside-down, 1995, akryl/papier, 49×32.
It gedicht is opnommen yn it boekje by de tentoanstelling en is ek ferwurke yn de digitale presintaasje op ien fan de grutte skermen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin: Upside -down

FIELST DY SÛNDER SIEL
SA BLAU, DYN WRÂLD SA READ RAU
DO RINST DWERS TROCH MY

EEN GAT IN JE ZIEL
ZO BLAUW, JE WERELD ROODRAUW
JIJ GAAT DWARS DOOR MIJ

A HOLE IN YOUR SOUL
SO BLUE, YOU’RE WORLD’S REDDISH RAW
YOU WALK RIGHT THROUGH ME

 

(2) Ferwûndering en ferûntrêsting – Kor Onclin / Edwin de Groot

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert.
Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.
Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen.
Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe.
De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.

Hjoed it gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’, dat Edwin de Groot skreau by it wurk ‘Blauwe regenboom’.
De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.

 

Klik op de tekst foar in grutter byld

 

 

Kor Onclin: Blauwe regenboom

 

Klik op de tekst foar in grutter byld

 

 

flean op!

flean op!, in fers fan Geart Tigchelaar.

 

Foto: Geart Tigchelaar.

 

flean op!

mei de oarloch oer de drompel
freegje ik my lûdop ôf
bin ik no wol of net in pasifist

neffens ús mem en god
moasten wapens omsmeid wurde
en ommers fan al dat definsjejild
koenen wy afrika der boppe-op helpe

mem en god hawwe blykber
net yn ’e eftertún stien
as de safolste fleanmasine
fan frisian flag it ferwulft snijt

flean op!

nei oekraïne

(1) Ferwûndering en ferûntrêsting – Kor Onclin / Tryntsje van der Veer

(I) FERWÛNDERING EN FERÛNTRÊSTING – KOR ONCLIN

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert.
Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.
Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen.
Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe.
De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.

Hjoed it gedicht ‘L’Univers du voyeur’, dat Tryntsje van der Veer skreau by it wurk ‘L’Univers du poéte’.
De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin: L’Univers du voyeur

 

Tryntsje van der Veer

L’UNIVERS DU VOYEUR

nea seach ik dy nearne moete ik dy
op kleurige doeken fol wêzens yn
wêzens boartsjend op jakobsljedders
ferpakte partsjes mei strapatsen

nea hearde ik dyn namme dy’t dûnset
my meitroant nei dyn fantasij wreed
kâld en lilk dan wer leaflik skruten
ik stap tebek ferbjustere en wachtsje

nea lies ik dyn wurden as savant
de hielmaster dy’t my wifkje lit
syn wûndere wrâld omfetsje fan
streake lichems yn ferve en kryt

nea nearne seach ik dyn slangewêzens
út de ierde oprispjen dy’t inoar omwuollen
yn myn holle betiizje triedden it ramt
dochs aloan wurdt it tinken ljochter

 

L’UNIVERS DU VOYEUR

nooit zag ik je nergens trof ik je
op kleurige doeken vol wezens in
wezens spelend op jakobsladders
verpakte deeltjes met strapatsen

nooit hoorde ik je naam die danst
mij meetroont naar je fantasie wreed
koud en lelijk dan weer lieflijk verlegen
ik stap naar achter verbijsterd en wacht

nooit las ik je woorden als wetende
de heelmeester die mij laat aarzelen
zijn wonderlijke wereld omvatten van
gestreelde lichamen in verf en krijt

nee nergens zag ik je slangenwezens
uit de aarde braken die elkaar omwonden
in mijn hoofd verwarren draden het kader
toch wordt alsmaar het denken lichter