(I) FERWÛNDERING EN FERÛNTRÊSTING – KOR ONCLIN
Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert.
Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.
Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen.
Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe.
De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.
Hjoed it gedicht ‘L’Univers du voyeur’, dat Tryntsje van der Veer skreau by it wurk ‘L’Univers du poéte’.
De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.

Tryntsje van der Veer
L’UNIVERS DU VOYEUR
nea seach ik dy nearne moete ik dy
op kleurige doeken fol wêzens yn
wêzens boartsjend op jakobsljedders
ferpakte partsjes mei strapatsen
nea hearde ik dyn namme dy’t dûnset
my meitroant nei dyn fantasij wreed
kâld en lilk dan wer leaflik skruten
ik stap tebek ferbjustere en wachtsje
nea lies ik dyn wurden as savant
de hielmaster dy’t my wifkje lit
syn wûndere wrâld omfetsje fan
streake lichems yn ferve en kryt
nea nearne seach ik dyn slangewêzens
út de ierde oprispjen dy’t inoar omwuollen
yn myn holle betiizje triedden it ramt
dochs aloan wurdt it tinken ljochter
L’UNIVERS DU VOYEUR
nooit zag ik je nergens trof ik je
op kleurige doeken vol wezens in
wezens spelend op jakobsladders
verpakte deeltjes met strapatsen
nooit hoorde ik je naam die danst
mij meetroont naar je fantasie wreed
koud en lelijk dan weer lieflijk verlegen
ik stap naar achter verbijsterd en wacht
nooit las ik je woorden als wetende
de heelmeester die mij laat aarzelen
zijn wonderlijke wereld omvatten van
gestreelde lichamen in verf en krijt
nee nergens zag ik je slangenwezens
uit de aarde braken die elkaar omwonden
in mijn hoofd verwarren draden het kader
toch wordt alsmaar het denken lichter