it ferrie

Janna van der Meer lies by  ‘Optrede foar de Frede’ foarige wike snein har fers ‘it ferrie’ foar.

Janna van der Meer. Foto: Geart Tigchelaar

it ferrie

toskepoetse, hierkjimme en
in raket fljocht yn ’e tillefyzjetoer fan Kiev
draai it lûd wat heger
minsken roppe nei soldaten
kofje mei koeke
wylst bloed tsjin ’e stiennen spat
nei ’t wurk, it nijs
in nagelnij appartemint, dream fan ’t jonge stel, dondert ynelkoar
sa kâld op it stasjon, in poppe gûlt
lústerje, sjoch

út it perspektyf fan ’e gelokkigen
lykje wy feriene
yn in elektroanyske alliânsje
is alles tichtby
mar it ferrie is dit
sy binne dêr, wy hjirre

as wy jûns ûnder de tekkens krûpe
raast de stilte miskien earst noch
as in tank troch ’t tsjuster
mar je kinne der op wachtsje
en stjoermans holle jout him oer
en dêr sakje wy
wei yn in poel fan frede

de oare deis wurdt it noch slimmer
want freondinne bellet dat se hjoed te iten komt
laitsje en genietsje
wêr moat dat hinne
yn tiden fan oarloch

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *