Fan ’e middei ferskynde dit nijs: ‘Unike kleurebylden opdûkt fan Abe Lenstra yn aksje foar Hearrenfean‘ by Omrop Fryslân.
Nei oanlieding fan dy fynst publisearret RIXT twa fersen oer Abe Lenstra, it earste fers is Us Abe fan Durk Wiersma, dat gedicht hat earder yn it klupblêd fan Hearrenfean stien. It is skreaun by gelegenheid fan in oprop fan de LC om gedichten te skriuwen by stânbylden yn de iepenbiere romte.
It twadde fers hjit ek fan Us Abe en is fan Durk syn soan, Syds Wiersma, fan it Fries Film Archief, dy’t it filmke ûndutsen hat. It is (foar in part) in reaksje op it gedicht fan syn heit.
Jo kinne it kleurefilmke mei Abe Lenstra hjir besjen.

Us Abe Ik ha him spyljen sjoen Tsjin ‘t Schiedamse S.V.V. Hy foel net op Syn wite broek bleau skjin Gjin dribbel en gjin moaie goal It Fean ferlear, it waard 5-1 Syn spul wie oars as oars Ik ha him spyljen sjoen Yn ‘t Olympysk Stadion Hy wie de man Yn syn oranje shirt In omhaal, wat in moaie goal De Liuw dy wûn, it waard 2-1 Syn spul wie grandioas Ik ha him riden sjoen Net op it iis, mar yn in stoel Hy like lyts Syn swarte hier wie wyt Gjin Liuw en gjin Pompeblêd Us held ferlear, as mannichien Al bleau er oars as oars No stiet syn byld Foar ’t stadion It hâldt de oantins fêst In stjer, dy’t lyk As elke stjer Ek falle koe somtiids © Durk Wiersma Us Abe hy hie him spyljen sjoen ik net stânbyld, wat kykjes sneue boel fan net fleane doarre buro en pensjoen leaver as it grutte flanearjen fan florence grize man dy’t beweart cruijff is net sa goed as dat se sizze oan de snypsels dy’t ik fûn sûnt sjoch ik it wie fenyn kening fuotbal te strang foar syn âldste soan as sei obe tsjin tsjêbbe wat minder dirigeare, jonguh wat suniger mei wurden mûskoppet er himsels fuort tusken de linys sfinks slûchslim achter syn noas foar it ultime oan nei lange helte klomje hoopje wie ik hjir no foar kaam knetterjende wjerlocht fan in rush bûtekantsje wreef mei tsjineffekt yn swart-wyt dan noch foardat dy oerknal dwyl en dwers stik karbid op hurdhoutene latte blau-wyt-read útinoar spat gjin bal mear sjoen inkeld noch tocht hoe flikt er soks ús OOBE-AABE-BOE @ Syds Wiersma