Fyftjin FF’en fan Frijheid: Released

Ut alve ynstjoerings dy’t ús oprop foar de Fyftjin FF’en fan Frijheid opsmiet, hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand. Dat ferskynt op 5 maaie. As beleanning krijt dy dichter de bondel Arbolarium.

De mânske blomlêzing Arbolarium is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes. Geart Tigchelaar is ien fan de dichters dy’t yn dizze blomlêzing opnommen is.

As fjirde gedicht yn it ramt fan Fyftjin FF’en fan Frijheid ‘Released’ fan Griet Westra

Griet Westra – Uil met vleugels
Released

de frijgeast flechtet
ûnder de bleate himel
saaiend op wjukken

the free mind must flee
soar into thin air, released
spread his holy wings

de vrije geest vlucht
zweeft in opvliegende lucht
slaat z’n vleugels uit

# multilingual haikus

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *