leaver nei it Maliefjild as oan ’e hoannebalke

Tsead Bruinja skreau it ûndersteande fers nei oanieding fan de boereprotesten fan ferline wike. De oarsrpronlike tekst is yn it Nederlânsk, Geart Tigchelaar soarge foar de oersetting.

 

Foto: Geart Tigchelaar
leaver nei it Maliefjild as oan ’e hoannebalke

tinke jo der wolris oer
om út it libben te stappen?
frege agrarysk coach
monique te kiefte yn 2018
oan in tal boeren

mear as 10 minsken seinen ja
seit se yn in item fan nieuwsuur
fan novimber ferline jier

echt soargen makke sy har earst
wannear’t in boer neat sei en sy seach
dat er him betrape fielde

boeren binne binnenfetters
dy freegje net maklik om help

ferliest dyn buorkerij dan ferliest
net allinnich dyn eigen baan

ferliest de baan fan dyn bern
grûn dêr’tst in bân mei hast

it is net it fallyt fan in man
mar fan in famylje

litst ferlern gean wat dyn âlden
en har âlden opboud hawwe

dêr soe ik ek foar mei de trekker
nei de haach gean

doe’t ik net springe doarst
haw ik de dûmny belle

seit in brabânske bargeboer
yn itselde item

dy is fuortdaliks kommen
en hat my sein

helje dat tou dêr gau wei

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *