mei it muzyk mei

Henk Nijp is ien fan de fiif dichters dy’t belutsen binne by Kariljon en Poëzy, dat op freed 8 juny 2018 plakfine sil. Nijp wurket gear mei de komponist Feike van der Zee. Hjir de link nei it evenemint Kariljon en Poëzy.

mei it muzyk mei

as melodyen langer net te binnensjitte
eagen almar taaste yn it tsjuster
tinnitus de trommelfluezen teistert
wolsto dan myn tamboer-mêtre wêze
dan rinne wy mei hege knibbels op ‘e pas
oer de binnenpaden fan Metusalim

nim my by de fearten del
dêr’t wy fisken, swommen
sinne sûnder erch ús rêgen skroeide
dêr’t wy einenêsten rôven yn’e reiden
wiete sokken tsjin ‘e hikke kletsten
skrokken fan stampfee yn ‘e greide

fan swierwaar op neare jûnen
it knetterjende koper fan de flits
dêrnei donkere dreunen fan ‘e trom
safolle tellen eangst, stadich tichter by
oaremoarns ferwaaide nêsten yn ‘e wâl
lichte toan fan slakkespoaren op ’t beton

stap do wer as in stoaterske hoanne
jou kordaat de mjitte oan
smyt de stêf nochris heechop
sadat er skitteret yn ‘e sinne
tikje ik de tingels op ‘e triangel
as soene wy de taptoe rinne

© Henk Nijp

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *