Foarige wike slute Jan Kooistra him oan by RIXT. Jan wennet op it stuit yn Amsterdam. Yn de jierren 80 en 90 wie er redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Hjir. Hy publisearre fiif dichtbondels: Ballads (1981), De sulveren apels fan de moanne (1984), Dame fan myn dagen (1992), Gershipper (1998) en Blues fan ‘e sângrûn (2014). Yn de earste beide bondels brûkt er benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Nei’t er lêsten in dei as wat yn Fryslân west hie, skreau er it folgjende gedicht.
WEROM UT FRYSLAN en se seit: wat hast sjoen leafste en ik sis: mûzefalken yn alle tinten ljochtbrún, hazzenút, buffelkleur op pealtsjes of parmantich yn it lân en buordsjes met de hân beskreaun dy’t nei pleatsen wize foar Bildstar of Irenes en hekkelhûden stjerrend yn ‘e barmen, meanmasines fan stynske weet en ferlitten bougrûn mar minder kij as in moanne lyn oh ja, en skiep, in hiel soad skiep mei reade rêgen reade? seit se, sichtber kjel wurdend och, sis ik, ’t is niks, it wol sizze dat it sie wer struid is en de dea wer smoard is yn de kym hè? seit se en ik sis: kom, wy geane ik ha sin oan laam en geitetsiis © Jan Kooistra