Salut Walt Whitman!

Hjoed it iepeningsgedicht fan Willem Abma, ús dichter fan de moanne jannewaris 2018. Yn 1995 frege Kees ’t Hart him om yn it ramt fan it Frysk Festival in gedicht te skriuwen op it tema ‘Salut au Monde’, in gedicht fan Walt Whitman. Abma: ‘De tekst fan it fers liket my tapaslik yn ferbân mei Leeuwarden-Fryslân 2018. Ik draach it no op oan alle toeristen dy’t Fryslân yn 2018 oandogge.’

SALUT WALT WHITMAN!

Jou andert, Walt Whitman, wat sjochste?
Wat glydt der oan dyn each foarby?
Wat ferwidet him? Wat wurdt lytser?
Hoe leit de kosmos yn dyn inerlik derhinne?
lichem yn lichem, stof yn stof, universum yn universum.

Heech bist opstien yn de tombe fan dyn fersen.
Bern, nayf, ûnstjerlik, himelbestoarmer.
Mar, Walt Whitman, wat sjochsto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat hearste?
de iere moarnsskreau fan in bist, hearste.
it gûlen fan tyfoanen en tornado’s
troch oerwâlden en oer wrâldseeën.
it gepreuvel fan de beek en de beam.

Ja wis, do hearst de refreinen
fan Kopten, Hebrieuwen en Sieuwen,
mûfty’s en mullahs yn moskees;
it kriten fan Kozakken;
mythen fan Griken en Romeinen.
Kristus oan it Krús, hearste.
Mar, Walt Whitman, wat hearsto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat rûkste?
Do rûkst kadavers fan hynders yn Mongolië.
Do rûkst de beblomme heuvels fan Abessinië,
De rook fan de weeë dampen fan de skyt fan de fetsturtskiep,
de droege fruchten fan steppen en pampa’s.

De blossem fan de wielderige dea yn de Elisyske fjilden.
It teare leaf fan de paradyslike beam fan goed en kwea, rûkste.
En it bedoarne wetter fan de Styx, dy ferflokte âld jarsleat.

Fryslân: swietrook fan meand maaiegers.
Mar, Walt Whitman, wat rûksto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat priuwste?
Neam my de nammen fan de gerjochten
dyst ta dy naamst yn woastinen ûnder
bedûinen en mûntsen yn fan grien
bedutsen kleasters yn Egypte en Syrië;
ûnder fiskers tusken de iisskossen fan Alaska;
ûnder Yndianen, Inca’s en Azteken;
ûnder Yndiërs yn de falleien fan de Ganges.
Mar, Whalt Whitman, wat priuwsto fan Fryslân?
En wat betaaste, oeral oanwêzich dyn hannen?
Wêr hawwe dyn fuotten stien? Wêr steane se?

Do wennest yn Parys, Londen, Rome en Sydney,
Florence en Frankfurt. Wêr wennest yn Fryslân?

Begien en beret is dyn geast de wrâld omgien.
Dize en dampen hawwe dy opnaam en delset;
mei winen bist útwaaid oer de rûning fan de ierde,
yn wetter en weagen bist oanspield op iggen,
yn rivieren en streamen hast streamd.

En op de uterste punt fan skiereilannen
hast stien en it útroppen: Salut au monde!

Jou andert, Whalt Whitman, wat klif fan Fryslân, hokker greide
hawwe dyn fuotten field? Hokker mar hat dyn rop heard?
Yn hokker stêd of doarp fan Fryslân sjogge se dy stean?
Wat waadeilân hat syn stosân en seesâlt oer dy útstruid?

Walt Whitman, rin by Makkum del nei Piaam
gean fierder de klaai oer nei Eanjum en Wierum
en stean by Peazens-Moddergat yn it eachweid fan Fryslân.
De marren, de rivieren, de wâlden en de slingerpaden,
de bosken en de beammen; de greiden en de loften
de wolken oan de blauwe loften, de hege en lege wolken
groetsje dy dêrsto ús groete hast en groetest.
It skiep en syn laam; de ko en it keal; it hynder.
Fûgels en fammen, merkels en mannen,
de huzen en de bewenners fan keamers en wenten
rûnom dêr’t ljochten barne of it tsjuster hearsket.
Op ’e Lemmer, De Jouwer of yn Starum of Snits.
Yn Bears, Boalsert of Boksum, Harns en Hylpen,
Yn Ljouwert en Ljussens, Arum, Achlum en Appelskea.

Follegea en Folsgeare, Feinsum, Frjentsjer en Friens
Koarnwert en Kollum, Doanjum, Deinum en Dronryp
sjogge dy, hearre dy, priuwe, rûke en fiele dy!

Stean yn ús eachweid, Walt Whitman, bliuw stean!

En allegearre sizze, roppe, raze it út dit salút:

Salut Walt Whitman. Yn dy groetet Fryslân de wrâld.

© Willem Abma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *