Femicide

Femicide is in gedicht fan Carla van der Zwaag

 

Foto: Carla van der Zwaag

Femicide

Dizze nacht,
iepenript troch nachtmerjes,
sil einigje yn moarnsread sinneberte.
Dizze dei sil nea in dei wurde
lykas oare dagen.
Dizze dei sil triennen drage
as in keatling
fan pearels sûnder glâns.
Dizze dei sil de nacht fêsthâlde
as roet
dat net mear wei te poetsen is.
Sels it sinneblikkerjen
hat de kleur fan git.

Moarn
sille fammen inoar moetsje mei
protestflage en skel lûd.
Jou ús
de nacht
werom.

de kathedraal

Ina Schroders-Zeeders is de dichter fan de moanne augustus 2025. Har twadde moannegedicht is de kathedraal. It fers stiet yn augustus yn it moanneljocht.

Het gedicht ‘De kathedraal’ staat in mijn bundel Wantij en in de gelegenheidsbundel van Dichterbijzee 2023. Het beschrijft mijn wereldbeeld dat er niet erg vrolijk uitziet. Ik schreef dit gedicht net na de coronatijd, een akelige periode die naadloos overging in de oorlog tussen Rusland en Oekraïne. Niet alleen die gebeurtenissen voelden bedreigend, ook de teloorgang van de moraal, van de godsdienst, en dan in het bijzonder het onderdeel dat mensen op het rechte pad houdt. Het misbruik door priesters, het klimaat dat verandert, alles lijkt de verkeerde kant op te gaan. Mijn naïeve beeld van een rustige vreedzame mensheid na de koude oorlog brokkelt steeds verder af. Dat wordt er nog steeds niet beter op. De hele kathedraal van menselijke waarden, geluk, de goedheid van de mens, het blijkt allemaal schijn. Een mens kan zich dan in de steek gelaten voelen. Maar gelukkig kun je er over schrijven.

 

de kathedraal

mijn wereldbeeld is een kathedraal
die in de steigers staat
opgebouwd uit misgeslagen planken

het bouwwerk
mijn fossiele kracht
schudt door onderaardse toorn
van weggeroofde schatten

er vallen stenen van de klokkentorens
stuk voor stuk
aannames en tekenen van goede wil

de fiere vaandels met de waarheid zoals ik ze kende
die van democratie in macht en eerlijk delen
zijn gerafeld en geknakt
en de vrijheid die zij riepen
is nu slechts een verboden tentje naast een azc

de misdienaartjes die mijn onschuld waren
zingen vals het hoogste lied
allemaal weleens gepakt
zijn ze dronken van communiewijn
nee het klopt hier van geen kanten

de vredesduiven die versteende heiligen bescheten
stierven in de orgelpijpen
en als de oude organist
mijn taai geweten
zijn werk wil doen
stijgen bloed en veren op in roze wolken naar het brokkelende dak

lekkage laat de engel huilen
hier loopt het onder
hier vergaat

graf na graf van idealen verzuipt onder de stenen vloer
onder de voeten van de manke koster
die mijn ziel beheert
die de deur niet eens meer sluit als hij naar huis toe sloft
en mij in regen achterlaat

 

 

Azem

Janna van der Meer is dichter fan de moanne july 2025 by RIXT. Se skriuwt:

‘Ik wol graach myn gedicht ‘Azem’ yn it Moanneljocht sette. Dat komt omdat ik mei in fotokollaazje ‘Oereangst’ dwaande wie. Dêr sjochst in keal fan ús, dat krekt berne is. De fluezen sitte der noch oan. It each sjocht hiel bang. It keal tinkt dat er dea giet, dat er stikt. En dy eangst is goed, nuttich. Troch dy oereangst foar de dea kriget er in stoat adrenaline troch de bealch. En dan sykhellet er, libbet er. Fan dat momint ôf is er werklik ien fan ús.

Yn it gedicht ‘Azem’ spilet de eangst ek in wichtige rol. Ik ferbyn dat aaklike gefoel hjir ek mei de azem, falt my op. De azem dy’t it libben bringt, ús ferbynt mei de ierde. Allegearre moaie saken. Mar it is dus nea allinich mar moai. Dea en libben kinne net sûnder elkoar. En eangst heart der ek by. Ik fyn dat lestich, mar it is net oars.

Doe’t ik myn gedicht ‘Azem’ noch werris lies, tocht ik dat it ek wat moais hat: it libben sa’t it is. En hoe’t alles mei elkoar ferbûn is. Dat gefoel woe ik graach diele. It is publisearre yn myn dichtbondel Wêzen, yn 2017. ‘

‘Azem’ fan Janna van der Meer is har twadde moannegedicht fan july 2025.

Janna van der Meer

 

 

azem

fan ’e grutte see
en oer it fjild
blaast de wyn
troch it slúfke
fan ús sliepkeamerraam

hoeden azemje ik
wat sil it oanreitsje?
ik hâld yn

ûnder keart de hûn
him it wyt foar de eagen
jankend yn syn dream

bûten fret de foks
oan ’e búk fan in keal
syn jongen wolle ek

en neist mij leit de man
op in bult
hij smakt

myn kiel knypt ticht
yts tysket
tusken de hierkes op myn hûd
huver en dan
lit ik gean

troch it slúfke
oer it fjild
nei de grutte see

fier fuort

Janna van der Meer is dichter fan de moanne july 2025 by RIXT. Har earste moannegedicht is fier fuort.

Foto: Janna van der Meer

fier fuort

troch koele skaden fan foarhinne
bange beammen keunstich snoeid
sprutend út langstme nei
smûk en wissichheid

de brede oseaan fan no
griist my mei wylde tosken oan
flybket sâlt en skroeit
op ’t blikkerjende sân

safolle leaver flanearje ik
yn dy beheinde tún
brek takken fan do witst noch wol
blêdzje mei stappen
myn fuotten in album
drek trêdzjend
rikt myn hals

net te fier

L’Univers du voyeur

Yn it moanneljocht: L’Univers du voyeur

By L’Univers du voyeur fan Tryntsje van der Veer.

Yn 2022 waard Rixt frege om oan te heakjen by in projekt dêr’t de skilder Kor Onclin (1918-2003), dy’t ek terapeut wie, yn it ljocht setten waard. Der soe dat jier yn paviljoen Obe in útstalling fan syn wurk komme, omliste mei kulturele aktiviteiten. Ik haw my daliks oanmeld. Syn kleurrike skilderijen rôpen in ferskaat oan emoasjes op. Geregeld wie de tematyk dreech.
By in fjouwertal skilderijen skreau ik in Frysk fers mei in Nederlânske oersetting. Ien derfan waard útkeazen om yn de útstalling tusken de skilderijen te hingjen: L’ Univers du voyeur. De titel ferwiist nei syn skilderijen L’ Univers du poète I en II.

Myn fers kaam njonken ‘Snake Riding’ te hingen, in grut kleurich oaljeferve skilderij op doek út 1987. Mei tastimming fan Marleen Onclin fan it bestjoer fan de Stichting Kor Onclin wurdt it hjir ôfbylde. It is in abstrakte en dynamyske foarstelling, weagjend fan rjochts-ûnder nei links-boppe, yn in kleurespektrum fan read-giel nei blau-wyt, omliste troch donkere tinten. It is libben, mei in kronkeljende slange, mei wêzens, eagen. Myn fers omfettet ek in flecht oan assosjaasjes, ynklusyf ferwizings nei syn totale oeuvre.

Kor Onclin syn wurk is gjin maklike kost, it is konfrontearjend. It giet oer libben, dea en hjir oer gif, tsjingif, rêding, oerlibje. Tiidleaze temata, oansprekkend ferbylde en aktueel yn it hjoeddeistige tiidrek.

Ik bewarje waarme oantinkens oan dit RIXT-projekt yn gearwurking mei de Stichting Kor Onclin, oan de moaie útstalling yn Obe, mei in feestlike iepening en in dichtjûn letter yn it trajekt yn ’e mande mei oare dichters út Ljouwert en omkriten. Derom set ik graach sawol de yn Ljouwert berne Kor Onclin, syn skilderijen as myn gedicht dêroer nochris yn it ljocht.

https://koronclin.com/
https://rixt.frl/2022/04/04/1-ferwundering-en-feruntresting-kor-onclin/

 

Kor Onclin: Snake-riding – oaljeferve op doek, 1987, ôfmj. 100 x 73

 

 

‘l Univers du voyeur

nea seach ik dy nearne moete ik dy
op kleurige doeken fol wêzens yn
wêzens boartsjend op jakobsljedders
ferpakte partsjes mei strapatsen

nea hearde ik dyn namme dy’t dûnset
my meitroant nei dyn fantasij wreed
kâld en lilk dan wer leaflik skrúten
ik stap tebek ferbjustere en wachtsje

nea lies ik dyn wurden as savant
de hielmaster dy’t my wifkje lit
syn wûndere wrâld omfetsje fan
streake lichems yn ferve en kryt

nea nearne seach ik dyn slangewêzens
út de ierde oprispjen dy’t inoar omwuollen
yn myn holle betiizje triedden it ramt
dochs aloan wurdt it tinken ljochter

 

‘l Univers du voyeur

nooit zag ik je nergens trof ik je
op kleurige doeken vol wezens in
wezens spelend op jakobsladders
verpakte deeltjes met strapatsen

nooit hoorde ik je naam die danst
mij meetroont naar je fantasie wreed
koud en lelijk dan weer lieflijk verlegen
ik stap naar achter verbijsterd en wacht

nooit las ik je woorden als wetende
de heelmeester die mij laat aarzelen
zijn wonderlijke wereld omvatten van gestreelde lichamen in verf en krijt

nee nergens zag ik je slangenwezens
uit de aarde braken die elkaar omwonden
in mijn hoofd verwarren draden het kader
toch wordt alsmaar het denken lichter

 

geandewei

Tryntsje van der Veer is dichter fan de moanne juny 2025 by RIXT Har earste moannegedicht is ‘geandewei’.

 

Foto: Esther Hoorn

 

geandewei

yn skowend perspektyf
leit it leechlân derhinne
omgurde tôgje ik de lêst
fan lang ferfleine tiden

einleas is it skier fan rein
losskuord ik út sompich fean
de skurve klean en bûgde stêf
mei dridze beklibbe

tinzen hâlde my geande
wetterlopen wize it paad
stramme skonken libje
yn it foarútsjoch fan hichten

sinne noch moanne deare
witwêrsanne myn sliepstee
ljeppend dan wer knoffeljend
ûnderweis nei wrâldsein

fierder is it as de berchrêch
en stêd fan mantels en skulpen
tichterby brocht it my
de wyn sil it lêste drûgje

Plagiaat yn de Beat

Yn it moanneljocht: Plagiaat yn de Beat

Dit gedicht fan Christa Niklewicz, har twadde moannegedicht fan maaie 2025, is gearstald by “Fryske BeatPoezij” yn poadium Neushoorn yn Ljouwert op 16 novimber 2022. Hjirfoar haw ik út de foardrachten fan Joël Hut, Jens de Vries, Gabriëlle Terpstra, Hindirk Hannema, Alwin van der Toorn en Lubbert Jan de Vries én de presintaasje fan Arjan Hut (foardragend út de blomlêzing Eigentrieds fan Lubbert Jan de Vries) foar my bepalende sinnen opskreaun en brûkt, in bytsje wiksele en it resultaat dy jûns foardroegen. Publisearre yn Petrichor yn maaie 2023. Foardroegen op Vurige Tongen Jubileum Editie 2023 yn Ruigoord, Amsterdam.

It gedicht is yn oarsprong ûntstien troch ferbining. Eat wat moeiteleas ûntstean kin, mar wat we somtiden ek yngewikkeld meitsje kinne. Op ynhâld fynt der in nijsgjirrige dialooch plak dy’t ûnder oare fertrouwen yn him hat. Ek as it libben minder florisant is.

 

Foto Christa Niklewicz

 

Plagiaat yn de Beat

Hast gjin idee, dat
Gean fuort
Om de wrâld hjir te begripen
Dan komst betiid
En te let tagelyk
Wachtsje geduldich, of doch it net
Witst, wy ferstjerre elke nacht
Krekt as gedichten dy’t net foardroegen wurde
Mar elke krisis hat ek in siedsje
Krekt as ûngemaklike earmtakke-orgasmes
En watsto nettsjinsteande dy krisis
Foar eagen hast
Moatst feroarje
Sûnder beheining
Ék mei neils yn dyn fleis
Jimi Hendrix, Jesus, myn beppe
En freon
Dat wy hjir binne
Betsjut dat wy it makke ha