Voelen =

 

Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. ‘Voelen =’ is har tredde moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

Voelen =

Voelen is de calculatie der gebeurtenissen
Tellen wat niet te tellen is
Voelen is appels met peren vergelijken
Of gehaktbal met appelmoes
Hoewel tofu en ketjap weer meer hedendaags is
Maar dat ook weer beter te vergelijken is

Voelen is rangschikken van de dingen niet te ordenen
Je legt de vinger er nog net niet op
Eindeloze informatie voorbij laten stromen
Óf
Keiharde conclusies trekken
Die niet waar zijn
Voor een ander.

Voelen is persoonlijk
Voelen is collectief
Voelen is voor iedereen anders
Ook weer niet

V.V.V. voelen
Calculeren abstraheren van hoe de ander zijn arm dit keer anders beweegt dan anders
En wat dat dan betekent
En hoe die betekenis dan nog meer zegt over mij dan over de ander
Projectie
Zonder zelfreflectie
Blijft altijd een waarheid der subjectiviteit

Voelen is
Het tellen van het niet te tellen
Dus wanneer het klaar is?
Zijn er absolute?
Hoe weet je of iets waar is?
Trek conclusies in de nuances
Blijf lekker vaag

Want Voelen is…

Fraachpetear

Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Fraachpetear is har twadde moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar
Fraachpetear

Bedobbe ûnder
djippe lagen fan einleas fraachpetear
oer hoe wat en wêrom.

Ik graaf, ha groeven, dold, dol en bedobje, ha bedobbe en oarsom.
Sykjend om ’e klank fan ’e skeppe op it beton.
Oant it punt kaam, of earder in subtile oergong,
Fan it momint
Dat it riedsel har eigen libben begûn.
Ik stuite net op beton.
Nee
refleksje op refleksje is wêr’t in nije wrâld begong.
Lykas wetter of wolken dy’t tagelyk sichtber en ûnsichtber binne.
Kinst der trochhinne.
Datst dy ôffregest oft se wol werklik bestean.
Spegelwurking fan in fiktive wrâld yn ’e kop.
Op ’e kop.
It hâldt net op.
It hâldt fansels in kear op.

Oeral sjipsop op

Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Oeral sjipsop op is har earste moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Oeral sjipsop op

Op ’e klink
Op ’e klok
Op ’e kop
Wrâld ûndersteboppe
Stean hjir yn ’e gloppe
Neat út te jaan
Brexit sipelt troch
De tiid hâldt gjin skoft
Mar gjin noed
Want oeral kin sjipsop op
Oeral kin sjipsop op!

Wat hurder skrobje
Wêr silst it bedobje
Fierder fuort
Dop derop
Gedachtestop
En smar der wat sjipsop op
Want
Oeral kin sjipsop op!

Op ’e holle
Op ’e bôle
Yn ’t hier
Ytst it no op?
Ja!
Want oeral komt sjipsop op!

Op ’e bannen
Op ’e hannen
Op ’e foet
Sprekst dy wat nuver út?
Ha gjin noed!
Mûle iepen en tonge derút
Wy losse it op!
Want oeral kin sjipsop op.

Tall Stories / V ersies

Arjan Hut is dichter fan de moanne maaie by Rixt. Tall Stories en V ersies binne syn twadde en tredde moannegedichten.

Ynlieding

De simmer fan 2018. Mei in typlokaal reizgen we de simmerfestivals fan Fryslân ôf. Tegearre mei Jamila Faber, stêdskeunstner fan Ljouwert, stie ik yn in tinte fol typmasines dêr’t benammen bern op ôfkamen. Sa ek op Tall Ships yn Harns, begjin augustus. Om lju te stimulearjen in gedicht te typen, makke ik ûnder ferskillende skûlnammen wat teksten en hong dy op it prikboerd. Hawar, lêsten fûn ik wat fan dy typsels werom, op souder, yn in doaze mei it opskrift “Noait wer ynsjen”. In lytse greep:

“Tall Stories”. Dit wie de earste test-tekst. It tema (we joegen in tema mei om typstra’s op de gleed te helpen) wie ‘duizend bommen en granaten’. It idee dêrfan kaam fan it Russyske marineskip dat sawat njonken ús lei. Oare tiden! In tall story is in swetsferhaal.

“V ersies”. J.H. Ter Haven Ozn. Jr. besiket ús wat dúdlik te meitsjen. In pseudonym dat as Flipper út it wetter stekt en wat wol er presys? Is der in seehûn yn need? Binne de Russen wat fan doel? Ast net witst watst sizze wolst (miskien wol neat) is it dreech om út te meitsjen hokker ferzje no de meast akkurate is. Dan mar alle trije, as ien gehiel, opnimme – en sjen wat it docht.

 

Klik op de tekst foar in grutter byld

 

 

Klik op de tekst foar in grutter byld

 

 

 

Foto: Geart Tigchelaar

Woah Black Betty

Arjan Hut is dichter fan de moanne maaie by RIXT. ‘Woah Black Betty’ is syn earste moannegedicht.

Foto: Edwin de Groot

Woah Black Betty

Klik hjir foar it fers (pdf)

4 maaie-gedicht fan Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Pieter van der Zwaag ‘De safolste generaasje’

De safolste generaasje

Us heit wie in stillenien
Opsluten yn himsels mei syn oantinkens
As hy wat sei, wie it somtiden:
It komt altyd oars út as datsto tinkst
en: moatst dy nea mei polityk bemuoie.

De stilte hong as in wolk
oer pleats en mem en bern

Geandewei waard my dúdlik
wêr’t it swijen weikaam

Twongen troch need hiene hy en syn heit,
myn pake dy’t ik nea kend ha,
keazen foar in partij,
wêrfan’t nei ’45 bliken die,
dat it in foute partij wie.

Us heit kaam der ôf mei in lichte straf,
mar syn libben lang hat er him bedondere field
yn machtleas ferset tsjin de ‘hege hearen’.

It swijen hat him trochjûn yn ’e bern

En bernsbern?

de wind / de wyn

de wind / de wyn is Henk Dillerop syn twadde moannegedicht fan april. Oersetting Syds Wiersma.

 

de wind

negen dagen
heeft de week tegenwoordig
of zes
de namen van de etmalen
weet zij niet meer
behalve die van de zon
en de maan

ook het besef van tijd
en plaats
is zij vaak kwijt
sinds vandaag
of gisteren al
alles gaat snel
of heel langzaam
de golven van de zee
de wolken aan de hemel

de vingers van haar broze hand
glijden zoekend
over de woorden
in de vergeelde krant

zij staat op
loopt naar buiten
kijkt naar blauw
en voelt

het is de wind
denkt zij
ja, het is de wind

 

foto: Edwin de Groot

 

de wyn

njoggen dagen
hat de wike hjoed-de-dei
of seis
de nammen van de etmels
wit sy net mear
behalve dy fan de sinne
en de moanne

it besef fan tiid boppedat
en plak
is sy faak kwyt
sûnt hjoed
of juster al
alles giet hurd
of hiel stadich
de weagen fan ’e see
de wolkens oan ’e himel

de fingers fan har wiffe hân
glydzje sykjend
oer de wurden
yn de fergiele krante

sy komt oerein
rint derút
sjocht nei blau
en fielt

it is de wyn
tinkt sy
ja, it is de wyn

(Oersetting Syds Wiersma)