Noardlike Himel / Northern Sky

Jan Kooistra makke in oersetting fan Northern Sky fan Nick Drake

Noardlike Himel / Northern Sky

nea earder fielde ik betsjoening sa fûleindich as dit
nea earder seach ik moannen
of wist ik wat de see sizze woe
nea earder hie ik triennen yn de palm fan myn hân
of fielde ik hoe’t it heech yn in beam
swiet rûzje koe
mar no datst hjir bist
jou myn noardlike himel wer fjoer

ik ha sa lang wachtsje moatten
sa lang de spylbal west fan in weach
it is sa lang dat ik omdoarme ha
by de minsken dy’t ik seach
oh ast it woest en ast it koest
jou myn nij geasteseach wer ris foer

soesto my leafhawwe om myn jild?
soesto my leafhawwe om myn lea?
soesto my leafhawwe de hiele winter lang?
soesto my leafhawwe oant myn dea?
oh asto dat woest en ast it koest
kom op blaas dan heech út dyn toer

nea earder fielde ik betsjoening sa fûleindich as dit
nea earder seach ik moannen
of wist ik wat de see sizze woe
nea earder hie ik triennen yn de palm fan myn hân
of fielde ik hoe’t it heech yn in beam
swiet rûzje koe
mar no datst hjir bist
jou myn noardlike himel wer fjoer

De orizjinele ferzje is te finen op YouTube mei lyrics:
https://www.youtube.com/watch?v=t-lI5hAoZSc

 

 

 

klokmakker

Edwin de Groot is de dichter fan de moanne novimber 2024 by RIXT. Syn earste moannegedicht is klokmakker.

klokmakker  

soeverein glidet er tusken bim bam
it rêdwurk en slingers troch, rydt
as in teflon-kid oer wizerplaten of wie
it in frije kuer, mar de klokmakker hat it
syn hiele libben wol witten, tiid
nûget dy by him thús út, krijst in koekje
in gleske brobbels as it treft en dan stjoert
er dy fuort mei lege hannen, hy lit him
net belegerje, bepaalt de sprongen sels
mei in sjabloan fan tijen of moessons
dêr’tst it kommen en gean fan witst of
as wat wie, wat is en bliuwt, ek nei
it fergean; in doarp allang sonken
ûnfergonklik ferbûn mei de grûn
as it grêf fan in bern, soks is woartele
stjert nea en tiktakket banneleas

 

Afloop

Job Degenaar is dichter fan de moanne Septimber 2024 by RIXT.  Afloop is syn twadde moannegedicht.

 

Afloop

Soms schoven andere werelden langs: Gekke Aaigie
met zijn handkar en schop voor de paardenpoep
het fiere Oranjevertoon op Koninginnedag
en de ijscoman onder schaduwbomen

die zijn romige verleiding klingelde, dwars door
Radio Luxembourg, de ‘one and only pop station’,
waarvan de ontvangst constant vervormde
tot blikkerige galm, uitviel op je transistor

en dan zich revancheerde, waarna de terugval
weer begon, zoals bij jou nu, waar weinig rest
van de leegte van toen, de sleurdagen, je eenzame
orgasmes, de trage seizoenen, het kleine rumoer

van een stadsgezin dat zich een weg zocht in
de klei, waar een vader heerste, een moeder
zuchtte en kinderen grenzen zochten
De wereld huisde vele havens –

Een roeiboot schommelt door het riet
man onder de maan plus zoon
varend door de jaren, omringd
door het geklots van zwart geglinster

hij een verre schim geworden, die soms nog even
opgloeit en jij, de laatste van zijn stam, die de riemen
overnam en de herinnering aan jullie bestaan
tegen de stroom in van verdwijnen roeit

(Fryske oersetting folget)

 

Weerzien / Wersjen

Job Degenaar is de dichter fan de moanne septimber 2024 by RIXT. Syn earste moannegedicht is Weerzien / Wersjen.

Weerzien

Herfst, het regent, ze eten uit dezelfde schalen
dezelfde bleke boterhammen met kaas en pindakaas
als weleer en staren uit de statige vensters: oude
bereisde, veel bereikte mannen, uitgedunde
vriendenclub, steun zoekend bij een stoel
een dronk, een kwinkslag en een lach

mijmerend over hoe in pauzes van het lyceum
ze triomfeerden op de Internistenheuvel, zandbult
aan het schoolplein, waarop ze tronend boven externen
naar beneden tuurden, naar de meisjes – dezelfde jongens
die op zondagmiddag in de rij voor het belhok, kwartjes
in de hand, de stemmen zochten van hun afkomst

Ze groeiden uiteen, bouwden op, bevochten
hun plekken op aarde, brachten voort en traden terug –
Kijk, duiden ze, dit waren we en zijn we nu, in ons
glinstert nog altijd wat ons verbond: dat internaat
die vrienden, dat reikhalzen naar iets groots, zoals daar
op die heuvel toen, in het smal geworden decor van nu

* Christelijk Jongensinternaat (Zeist, jaren zestig)

 

 

Wersjen

Hjerst, it reint, se ite út deselde skalen
deselde bleke stikken bôle mei tsiis en nútsjesmoar
as eartiids en stoarje út de steatlike finsters: âlde
bereizge, soad berikte manlju, úttinne
freoneklup, hâld sykjend by in stoel
in dronk, in kwinkslach en in laits

drôgjend oer hoe’t yn skoften fan it lyseum
sy triomfearren op de Ynternistehichte, sânbulte
by it skoalleplein, dêr’t sy troanjend boppe eksternen
nei ûnderen eagen, nei de fammen – deselde jonges
dy’t op sneintemiddei yn de rige foar it belhok, kwartsjes
yn ’e hân, de stimmen sochten fan harren komôf

Se groeiden útinoar, bouden op, befochten
har plakken op ierde, brochten fuort en stapten tebek –
Sjoch, ferklearren se, dit wiene wy en binne wy no, yn ús
glinsteret noch altyd wat ús ferbûn: dat ynternaat
dy maten, dat langhalzjen nei wat gruts, lykas dêr
op dy hichte doe, yn it smel wurden dekôr fan no

* Kristlik Jongesynternaat (Seist, jierren sechtich)

Oersetting: Syds Wiersma

Heech en leech

Cornelis van der Wal is de dichter fan de moanne augustus 2024 by RIXT. Syn twadde moannegedicht is Heech en leech.

Foto: AI

Heech en leech

De moanne en de stjerren binne net mear yn ‘e moade,
mar blommen, katten en leafde dogge it noch goed.

It folk sjocht net mear nei boppen, mar op de telefoan.
De fraach is: hoe lang kinne de goaden dit noch ferneare,

sille se lilke reuzen stjoere dy’t de bile sette yn it ynternet?
Wodan en Donar binne lykwols al in hiel skoft offline.

In winternarratyf

In winternarratyf is in fers fan Janneke Spoelstra.

Foto: Geart Tigchelaar

 

In winternarratyf

Wurdt de grûn hyt ûnder de soallen,
hâld de holle koel.
Wurd sniebal, wês iis yn ’e sleat.
Bist de redens, of de spikes?
Glyd as iisblokje by in hals of nekke yn.

Wês de skos dy’t fêstset,
in baan oer in hynste-izen mar,
in iispylk dy’t oan in oesdrip groeit,
in wek dat tichtfriest. De wrâld hat der ferlet fan.

Wurdt dy in reis oanbean, makkest de reis?
Yn ’e frede wolst in lân kennen leare,
net hoe’t it ferneatige wurdt.
Pokest op of bêdest del?
Leist de klean klear foar in lange tocht?
Wês de kâns op winterske delslach,
in snieloft, in oar hat der ferlet fan.

Wurdt it near en drok, tinkt de holle te folle?
In longerige wolf, do, ik, elk fan ús.
Dochst mei of sjochst dernei?
Lit ús opkuolje, ôfwaarmje.
Wês in gletsjer dy’t oanwaakst,
it bern hat der ferlet fan.

Seist, lit my sliepe, makkest my wekker?
Warskôgje ús, lit ús gewurde?

Hâldst my fêst? Litst my los?
Witst, dat it grillich is as in kustline,
komt en giet as it noarderljocht.

Kjeld is myn held

Cornelis van der Wal is de dichter fan de moanne augustus 2024 by RIXT. Syn earste moannegedicht is Kjeld is myn held.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Kjeld is myn held

Kjeld is myn held yn ‘e lette simmer,
Ik langje brodzich op bêd nei de iistiid.
Praat tsjin jim mei tin swit op myn lippen.

De sinne soe ferbean wurde moatte,
mar dêr hearre jo de polityk net oer.
It moat mar ris út wêze mei it klimaat.

Ik feroarje stadich yn in hite wiete spûns.
In swiere hjerststoarm sil my aanst ferlosse.
Kjeld is syn namme.