Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. ‘Voelen =’ is har tredde moannegedicht.
Foto: Geart Tigchelaar
Voelen =
Voelen is de calculatie der gebeurtenissen
Tellen wat niet te tellen is
Voelen is appels met peren vergelijken
Of gehaktbal met appelmoes
Hoewel tofu en ketjap weer meer hedendaags is
Maar dat ook weer beter te vergelijken is
Voelen is rangschikken van de dingen niet te ordenen
Je legt de vinger er nog net niet op
Eindeloze informatie voorbij laten stromen
Óf
Keiharde conclusies trekken
Die niet waar zijn
Voor een ander.
Voelen is persoonlijk
Voelen is collectief
Voelen is voor iedereen anders
Ook weer niet
V.V.V. voelen
Calculeren abstraheren van hoe de ander zijn arm dit keer anders beweegt dan anders
En wat dat dan betekent
En hoe die betekenis dan nog meer zegt over mij dan over de ander
Projectie
Zonder zelfreflectie
Blijft altijd een waarheid der subjectiviteit
Voelen is
Het tellen van het niet te tellen
Dus wanneer het klaar is?
Zijn er absolute?
Hoe weet je of iets waar is?
Trek conclusies in de nuances
Blijf lekker vaag
Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Fraachpetear is har twadde moannegedicht.
Foto: Geart Tigchelaar
Fraachpetear
Bedobbe ûnder
djippe lagen fan einleas fraachpetear
oer hoe wat en wêrom.
Ik graaf, ha groeven, dold, dol en bedobje, ha bedobbe en oarsom.
Sykjend om ’e klank fan ’e skeppe op it beton.
Oant it punt kaam, of earder in subtile oergong,
Fan it momint
Dat it riedsel har eigen libben begûn.
Ik stuite net op beton.
Nee
refleksje op refleksje is wêr’t in nije wrâld begong.
Lykas wetter of wolken dy’t tagelyk sichtber en ûnsichtber binne.
Kinst der trochhinne.
Datst dy ôffregest oft se wol werklik bestean.
Spegelwurking fan in fiktive wrâld yn ’e kop.
Op ’e kop.
It hâldt net op.
It hâldt fansels in kear op.
Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Oeral sjipsop op is har earste moannegedicht.
Foto: Geart Tigchelaar
Oeral sjipsop op
Op ’e klink
Op ’e klok
Op ’e kop
Wrâld ûndersteboppe
Stean hjir yn ’e gloppe
Neat út te jaan
Brexit sipelt troch
De tiid hâldt gjin skoft
Mar gjin noed
Want oeral kin sjipsop op
Oeral kin sjipsop op!
Wat hurder skrobje
Wêr silst it bedobje
Fierder fuort
Dop derop
Gedachtestop
En smar der wat sjipsop op
Want
Oeral kin sjipsop op!
Op ’e holle
Op ’e bôle
Yn ’t hier
Ytst it no op?
Ja!
Want oeral komt sjipsop op!
Op ’e bannen
Op ’e hannen
Op ’e foet
Sprekst dy wat nuver út?
Ha gjin noed!
Mûle iepen en tonge derút
Wy losse it op!
Want oeral kin sjipsop op.
Arjan Hut is dichter fan de moanne maaie by Rixt. Tall Stories en V ersies binne syn twadde en tredde moannegedichten.
Ynlieding
De simmer fan 2018. Mei in typlokaal reizgen we de simmerfestivals fan Fryslân ôf. Tegearre mei Jamila Faber, stêdskeunstner fan Ljouwert, stie ik yn in tinte fol typmasines dêr’t benammen bern op ôfkamen. Sa ek op Tall Ships yn Harns, begjin augustus. Om lju te stimulearjen in gedicht te typen, makke ik ûnder ferskillende skûlnammen wat teksten en hong dy op it prikboerd. Hawar, lêsten fûn ik wat fan dy typsels werom, op souder, yn in doaze mei it opskrift “Noait wer ynsjen”. In lytse greep:
“Tall Stories”. Dit wie de earste test-tekst. It tema (we joegen in tema mei om typstra’s op de gleed te helpen) wie ‘duizend bommen en granaten’. It idee dêrfan kaam fan it Russyske marineskip dat sawat njonken ús lei. Oare tiden! In tall story is in swetsferhaal.
“V ersies”. J.H. Ter Haven Ozn. Jr. besiket ús wat dúdlik te meitsjen. In pseudonym dat as Flipper út it wetter stekt en wat wol er presys? Is der in seehûn yn need? Binne de Russen wat fan doel? Ast net witst watst sizze wolst (miskien wol neat) is it dreech om út te meitsjen hokker ferzje no de meast akkurate is. Dan mar alle trije, as ien gehiel, opnimme – en sjen wat it docht.