Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Oeral sjipsop op is har earste moannegedicht.

Oeral sjipsop op
Op ’e klink
Op ’e klok
Op ’e kop
Wrâld ûndersteboppe
Stean hjir yn ’e gloppe
Neat út te jaan
Brexit sipelt troch
De tiid hâldt gjin skoft
Mar gjin noed
Want oeral kin sjipsop op
Oeral kin sjipsop op!
Wat hurder skrobje
Wêr silst it bedobje
Fierder fuort
Dop derop
Gedachtestop
En smar der wat sjipsop op
Want
Oeral kin sjipsop op!
Op ’e holle
Op ’e bôle
Yn ’t hier
Ytst it no op?
Ja!
Want oeral komt sjipsop op!
Op ’e bannen
Op ’e hannen
Op ’e foet
Sprekst dy wat nuver út?
Ha gjin noed!
Mûle iepen en tonge derút
Wy losse it op!
Want oeral kin sjipsop op.