Ilse Vos is dichter fan de moanne juny by Rixt. Fraachpetear is har twadde moannegedicht.

Fraachpetear Bedobbe ûnder djippe lagen fan einleas fraachpetear oer hoe wat en wêrom. Ik graaf, ha groeven, dold, dol en bedobje, ha bedobbe en oarsom. Sykjend om ’e klank fan ’e skeppe op it beton. Oant it punt kaam, of earder in subtile oergong, Fan it momint Dat it riedsel har eigen libben begûn. Ik stuite net op beton. Nee refleksje op refleksje is wêr’t in nije wrâld begong. Lykas wetter of wolken dy’t tagelyk sichtber en ûnsichtber binne. Kinst der trochhinne. Datst dy ôffregest oft se wol werklik bestean. Spegelwurking fan in fiktive wrâld yn ’e kop. Op ’e kop. It hâldt net op. It hâldt fansels in kear op.