febrewaris

Jan Kooistra is de earste moannedichter by RIXT dy’t in gedicht fan him ‘yn it moanneljocht’ set. Dat is in nije rubryk. De moannedichter siket in gedicht fan har/him út dat earder alris publisearre waard en ljochtet koart ta wêrom’t sy/hy dat gedicht noch wer ris ûnder de oandacht bringe wol.

Hjoed it earste gedicht yn it moanneljocht.

Jan Kooistra:
It iepeningsfers út de bondel Gershipper fûn ik om in pear redenen wol gaadlik om ris foar de fuotljochten te bringen. Yn ´t foarste plak fyn ik dat it fers moai past by dizze tiid en dat it mei it fers oktober dat der yn ´e bondel op folget in moai twalûkje foarmet. Mar der is noch in reden. Doe’t ik berne waard stie der wol in berjochtsje yn ´e Kollumer Courant mar in bertekaartsje ha ik noait hân. Yn ´e jierren njoggentich waard myn libben ferrike mei trije bern en dy ha allegear in alleraardichst bertekaartsje krigen. Ik tink dat ik doe betocht ha om ek mar ris myn eigen ‘poppekaartsje’ te skriuwen. It is wol wat ferromantisearjen fansels mar oan ´e oare kant, der skarrelen doe wier wite hinnen op it hiem en dat ús heit neist kij ek in mot mei biggen hie, ja, dêr koe ik net omhinne.

 

febrewaris

sa moat it begûn wêze, oan ´e loft de opgeande
moanne, kâld en betiid mar op it âld bargehok
glêdgrien fan it moas stie er lang al te skitterjen
it machtige, stoaterske dier, de sniewite hoanne

mei in goudfolle bek kraaide er him hast út ´e liken
mar ûnder de kap, dêr’t it stoffige hea broeid hie
fan de wietsjende simmer en dêr’t de hunen net kamen
misgriep in grimelige murd him oan ien fan syn piken

en yn it bûthús mei in pet dy’t glânzge fan smoargens
siet de heit ferwoest syn fyftjin bisten te melken
mar foar de kachel in barchje, de mem driuwend yn ´t
swit fan it arbeidzjen op bêd, gûlend fan wargens

ja, sa sil it west ha, al lang wer werom by it fee
de ferromme, mar altyd wat swijsume heit, de poppe al
klaaid en sliepend tsjin in boarst fan de mem dy’t gloare
fan blidens en op de tafel it brea, de tsiis en de tee

út: Gershipper, Koperative Utjowerij, Boalsert 1998

Poëzyjûn op Sânfurd (1): Ferjittelgrûn

Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.

André Looijenga wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir syn gedicht fan dy jûn.

Ferjittelgrûn

lykas in spegel, sa dof en griis as lead
as in doffe spegel leit rûnom de mar
ûnder de mar hat him it lân fergetten
oer de grûn leit it grize wiet

dit wetter is troch de diken kolke
dit wetter is oer de marswâlen spield
dit wetter is út de groppen opwâle

út djipte wei lit wetter de grûn ferjitten
rûnom it wiet, en feal de dei
de huzen, pleatsen lizze as skippen
driuwe as skippen yn de rede

lykas seelju sit men, wachtet men
stoarm net mear, mar wiete kjeld
oer jins grûnleas djippe kolken

djip is it wetter út de groppen wâle
djip út jins grûn wâlet de wanhoop op
o Heare, ha Jo ús fergetten?
skriuw yn it ferjittelboek ús net

it kâlde wiet, de doffe leaden spegel
ferjit wat efterbleau
lit yn de rede lizzen wa’t efterbleau

ûnder dit deiljocht feal as âlde himden
wachtet men de moarntiid
op Jo moarntiid wachtsje ik, och wannear?

út ús djippe kolken, út dizze grûn
wâlet it ferjitten op
ien mar waard dit lân, in doffe spegel

spiel oer ús
Jo grime net, mar sjoch op ús, Jo antlit

dit wetter is oer de groppen spield
dizze puollen ha de wâl fergetten
dizze grûn hat him yn de mar fergetten
hjir spegelet ús grûn as lead sa griis

André Looijenga 2.2.2025
Betinking wettersneed 1825
Foardroegen op Sânfurd

Dielnimmende dichters

jou my dyn wurd

By de twa poëzijmiddeis yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’. Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west. Hjoed it gedicht ‘Jou my dyn wurd’ dat Tanja van Abbema gearstald hat.

Foto: Bauke Terpstra

jou my

út opfleanend reinbôgewetter
in grouwélige ûnwaarsfûgel
fersteure balstjurrich myn natuerrêst

yn ’t pypskoft bûtenút
by de beam yn ’e sompe

dêr’t Trip ús Fryske stabij útfanhûs
wie gjin ferdivedaasje rûnom hiem

tusken flagge en greppel

helle hurde wyn oan ta stoarmwyn
en it petear tsjin bline doarren feroare
yn ôfwaaid praat:

        die groeipijn duurde langer
        in de schaftwagon van kunstmatige houtnerf
        straalt haar tactiliteit milde agressie
        gedachtenkracht in doorgesluisd waeter
        vanuit kruidenrijk verspreid

wy sieten net mear op deselde golflengte

yn de ljochtspegeling oer swart wetter
sprutsen enoarme skieppetsiiswolken
de bjusterbaarlike sin fan ’e njirre:

yn ’e rispinge fan amper in pear abendstunden
sil in wrâld bedjerre, oan de ôfgrûn fan tiid

gelokkich oergien út harsels socht it bluisterich skepsel
wibelich in mienskip fan lykweardich bestean
en de fûgel spruts grutsk:

ja, ik sis ja, tige dank, foar dy dichter
datsto eltsenien lardearje meist mei
dyn wurd

febrewaris 2025

en alwer febrewaris

Jan Kooistra is dichter fan de moanne febrewaris by RIXT. Syn earste moannegedicht is ‘en alwer febrewaris’.   en alwer febrewaris gjin moanne, gjin stjerren, as wie it desimber, mistkâld en lûden fan doarmjende guozzen, yn ‘e fierte komme de lêste seinen fan it lette doarpslibben al neier, hy siket mei de bûslampe syn hûn …

febrewaris

Jan Kooistra is de earste moannedichter by RIXT dy’t in gedicht fan him ‘yn it moanneljocht’ set. Dat is in nije rubryk. De moannedichter siket in gedicht fan har/him út dat earder alris publisearre waard en ljochtet koart ta wêrom’t sy/hy dat gedicht noch wer ris ûnder de oandacht bringe wol. Hjoed it earste gedicht …

Knoffelje

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har tredde moannegedicht is ‘Knoffelje’.

Foto: Ineke van der Heide

Knoffelje

Ik moat hurd
aveseare
wer besykje
myn learzens
bin’ te grut
ik stroffelje
ik knoffelje
as in ko op klompen.

taktiliteit

By de beide poëzijmiddeis fan RIXT yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’.
Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west.
Hjoed it gedicht ‘Taktiliteit’ dat Ypie Bakker gearstald hat.

 

Foto: Bauke Terpstra

 

taktiliteit

yn ‘e jûnsoeren hokket jongfolk achter bline doarren
skaftketen lardearre mei ôfwaaid praat
hearst der net by bist net gelokkich dyn gedachtekrêft
net ôfsteld op deselde golflingte as mienskip en fûgel

nimmen wit fan sompe en greppel
it hiem bûtenút
groeipine yn houtnerven
de wrâld in grouwélige ôfgrûn

it duorret langer foar dy, bist in dreamer in dichter libbenslang útfanhûs
dyn thús in ljochtspegeling fan opfleanend reinbôgewetter
bjusterbaarlik hoe’t delten hichten wurde ast it perspektyf feroarest ast ja
seist tsjin lykweardigens, tiid en sin net bedjerre litst troch njirren fan agresje

dyn rispinge: yn wibeltwiich enoarme beam sjen dêr’t grutske
ûnwaarsfûgels skûlje foar bluisterige stoarmwyn en yn ’t pypskoft skoalbern
ferdivedaasje sykje, fryske stabij as tank balstjurrich syn geurflagge útset
poddestuollen as skieppetsyskes út krûderike blèdegrûn barste

earms omfiemje rûge bast
ûnrêst wurdt trochslûze
giet oer yn natuerrêst
sopstream brûst troch bloedstream

 

 

Swiet

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har twadde moannegedicht is ‘Swiet’.

 

Swiet

Sytske hâldt fan sûkelade,
fan sûkerbôle
fan sjerp en sjem
fan ierdbeien mei sûker deroer!

Sytske priuwt in sitroen
sa soer, sa soer…
ik sjoch it oan har mûle
har mûle kin der wier net oer.