Tanja van Abbema

Tanja van Abbema (Skettens, 1969) wennet al jierren yn Harns. It streamen fan wetter, it libben en de lege romte dêrtusken foarmje de ynspiraasje foar alles wat sy docht, sawol by it dichtsjen as it meitsjen fan bylden/gearstalde objekten fan fûne materialen en by it skilderjen (sjoch www.tanjavanabbema.nl).

“Lange tiid woe ik gjin wurden jaan oan wat my dwaande hold, mar sûnt 2022 skriuw ik alle dagen, en de kursus poëzy skriuwe fan RIXT; it mei-inoar diele en leare fan oaren hat myn skriuwen in triuwke jûn. Dichtsje is foar my in wize om romte te jaan oan wat der is, ferbining te sykjen yn wurd en byld, in finen fan myn grûntoan. Om dat wat kompleks is werom te bringen ta ienfâld. De magy fan it boartsjen mei ritme, klank en betsjutting fielt foar my as riedsels meitsje of oplosse, is wiere mystyk.”

Ynstjoerde gedichten
Aquarius (19 novimber 2023)
Boartsje (19 novimber 2023)
Opljochtsje (25 desimber 2023)

in wikseling
fan beweging
tusken hin’ en wer
en op en del
allinne foarm
leit fêst
yninoar besletten
ferdwine wy
yn linen
sigeseagjend
troch romt’ en tiid

 

© Tanja van Abbema