Regina

Regina is in fers fan Janna van der Meer

 

Foto: Janna van der Meer

Regina

It wurdt noait wat mei har.
Se kin net leare,
neffens de leararen.
En al sizze se dat net sa
dochs wit elkenien it:
de oare bern, har heit en mem
en hjasels.

Dêrom wurket se no by de boer
en nei it melken
rydt se op ús Fries.
Om it te belearen.
Dat wy der aansten ek op ride kinne,
net bang hoege te wêzen.

En dêr giet se.
Mei it lange hier
ûnder de cap ferstoppe,
fleant se troch de greiden.
It skomjende swarte bist
stevich tusken de skonken.

En dat bist lit him liede,
– in triuwke hjir in knypke dêr –
mar foaral lústeret it
nei ’t hiele tegearre wêzen
mei dizze faam,
dy’t opswypket en gerêststelt.

Dêr giet Regina.
Wy sjogge har nei
en lústerje
nei ’t bûnzjen
fan ’e grûn.

nu het nacht is / no’t it nacht is

Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. Har earste moannegedicht is ‘nu het nacht is / no’t it nacht is’.

 

nu het nacht is

moeders van vermoorde aleksejs
uit elkaar gerukte lijken in gaza
handen stekend uit aarde
wachten

aangestampte graven
grijze moddersteden
lichaamvretende raven
wachten

gekgeworden wereldleiders
opgefokte waarheidmijders
dolgedraaide vrijheidsstrijders
wachten nu het nacht is
wachten af

Foto: Geart Tigchelaar

no’t it nacht is

memmen fan fermoarde aleksejs
teskuorde liken yn gaza
hannen stekkend út ’e grûn
wachtsje

oanstampte grêven
grize drekstêden
lichemfrettende ravens
wachtsje

gekwurden wrâldlieders
opfokte wierheidsmijers
healbizen frijheidsstriders
wachtsje no’t it nacht is
wachtsje ôf

Oersetting Geart Tigchelaar

Striehaal

Lara Kool is dichter fan de moanne febrewaris 2024. Har twadde moannegedicht is Striehaal.

Foto: Lara Kool

 

Striehaal

Meifarre mei it tsjuster
meifarre nei it neat
de reade sellen streame
dêr al lang net mear

Swimme nei mystearje
sadat it dy omsylt
alle oare kleuren
dobberje bûten byld

Driuwe om te libjen
Ja, driuw noch as it kin
mar de lila-lêste striehaal
kinst al net mear sjen

Dus far gewoan mar mei
rêstich mei de stream
kleur dyn lêste tinzen
want alles is in dream

Maankinderen / Moannebern

Lara Kool is dichter fan de moanne febrewaris 2024. Har earste moannegedicht is ‘Maankinderen / Moannebern’. Se makke sels de Fryske oersetting.

Foto: Lara Kool

Maankinderen

Zijn zonnige zoon
een helend lichtpunt
maar vanuit jouw duister
is elke zon
slechts de vlam van een lucifer
die opbrandt
één voor één
verdreef je zijn stralen
in jouw donkere wanhoop
Licht geboren
toch geen kans meer, ooit nog weer?
zon te zijn
zodat zelfs hij zocht
naar verlichting
in deze opgelegde nacht
maar ook hij kon enkel nog weerkaatsen
van wat ooit zo eigen was
het Zelf

Moannebern

Syn sinne-soan
in hieljend ljochtpunt
mar út dyn tsjuster wei
is eltse sinne
inkeld it flamke fan in lúsjefers
dy’t opbrânt
ien foar ien
ferdreausto syn strielen
yn dyn tsjustere wanhope
Ljocht berne
dochs gjin kâns mear, ea noch wer?
sinne te wêzen
sadat sels hy socht
om ferljochting
yn dizze opleine nacht
mar ek hy koe inkeld noch wjerkeatse
fan wat ea sa eigen wie
it Sels

pontifikaal

Janna van der Meer skreau it fers ‘pontifikaal’.

Foto: Janna van der Meer

pontifikaal

meunsters ûnder heechspanning
tille op fan protters
kwetterjend knetterjend
stiel ûntlaadt

kabels en dampige loften sûzje
fiere spoaren fan fertraagd geraas

stânfêst wol ik tsjûgje
romsicht
de earms wiid

paad wizer

‘paad wizer’ is in gedicht fan Tanja van Abbema it is skreaun nei oanlieding fan it tema fan de Poezieweek: thuis.

Foto: Tanja van Abbema

paad wizer

en dan wer komme – thús
minsken tichtby
in reade line ferbûn
iuwen neisten

minskefoarm
om fêst te hâlden
in begjin
dat foarút wol

oant paden stadich wike
linen bliuwe
readstreamend
rinne inoar werom – fine it sels

 

Fuort

‘Fuort’ is in gedicht fan Bauke Terpstra. it is skreaun nei oanlieding fan it tema fan de Poezieweek: thuis.

Foto: Bauke Terpstra

 

Fuort

oeral bist hjir
dan wer dêr
thús
as hiest nea
fuort west
fan dyn plak
oan ’e igge
fan bestean
dy’t oantrúnt
te reizgjen
op frjemd en ûnwis
fiskenlân
tusken pylders
fan granyt en basaltstien
libben omfiemet
as hûd fan seehûn
dy’t gjin haven fynt
mar in mar fan
bloed en triennen