Lara Kool (1985) waard yn Tilburg berne. Doe’t se seis wie, ferhuze se nei Assen. Fia Easterwâlde wennet se sûnt 2017 yn Dokkum. Se hat doe pas mei kursussen fan de Afûk it Frysk leard. Dat komt sa. Har âlden komme út Ljouwert. Se praten Ljouwerters meiinoar en Nederlânsk tsjin Lara en har broer. Har pake en beppe praten wol Frysk tsjininoar, mar dêr krige Lara net folle fan mei, want pake ferstoar doe’t sy noch mar trije wie. Se hat in passy foar de Fryske taal krigen. De taal ferbynt har mei har foarâlden. Fan jongs ôf skreau se lytse ferhaaltsjes en gedichten. Op de middelbere skoalle kamen har gedichten yn de skoallekrante. Letter stie it skriuwen in hiel skoft op een leech pitsje. Oant septimber 2022, doe’t der op facebook in oprop foarbykaam foar in yntroduksjeles fan skriuwtechniken A fan de skriuwersfakskoalle. Dy kursus fan Arjan Hut kaam krekt op it goede momint. Dêrnei folgen twa skriuwgroepen ûnder lieding fan Sigrid Kingma; ien foar it FeRstival, dêr’t trije gedichten fan Lara foar útkeazen binne. Dy wurde dit skoallejier publisearre in it boekje Fersefariaasje. By de oare skriuwgroep skreau Lara acht non-fiksje teksten foar it basisskoalle-projekt ‘Lêzen om te Learen’. Dy ferhalen wurde ek publisearre. Yn 2023 is Lara ien fan de fiif winners fan de posterpoëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. Se sil no wurkje oan in dichtbondel en is dêrneist dwaande mei in berneboek.
Ynstjoerde gedichten
Asjebleaft (20 july 2023)
Einstasjon (26 july 2023)
Stilte foar de stoarm (9 septimber 2023)
Asjebleaft
Krekt troud
in nestke boud
fielde dyn siel yn my
Dan krampen,
bloed… en dy
it is foargoed foarby
SLACH yn myn búk
TRAAP yn myn búk
in foet en noch in fûst
Fertel my dochs
do fieldest it net
hast der trochhinne koest