Winterpinnestreek 1 – Jan Kooistra

Northern Sky

Guon minsken wolle faak witte wat ien syn/har favorite dichter is of gedicht, sjonger, komponist, band ensafuorthinne. Ik kin net safolle mei dy fragen, ha der ek net altyd in antwurd op. Ik wit donders goed hokker sjongers ik bewûnderje, wit hiel wat nûmers op te neamen dy’t my rekke ha en noch altyd reitsje. Wit gedichten te neamen dy’t in plakje krigen ha yn myn persoanlike blomlêzing. Soms wit ik krekt te beneamen wêrom’t dat nûmer of fers der diel fan útmakket mar soms ek net. Onder de appelboom fan Kopland, Aan een boom in het Vondelpark fan Vasalis en fansels De moeder, de vrouw fan Nijhoff. Ik fyn se prachtich mar wat is it no krekt dat my rekket? Wêrom stiet dat gekke fers Ham fan R. R. Van der Leest deryn? Of Oan him fan Rixt (dêr’t ik – mea culpa – as jongbaaske wolris wat fan stellen ha)?
Mei bepaalde nûmers is it faaks wat dúdliker. Ik wit wol wat Idiot Wind fan Bob Dylan foar my betsjutten hat of Crazy love fan Van the Man. Falling at your feet fan Daniël Lanois. Ik wit it. Mar in antwurd op dy ‘favorite’ fraach is it net. It binne der safolle.
Of dochs net. Ien nûmer is al sa’n fjirtich jier by my, yn my en om my hinne: Northern Sky. Ik learde de skepper fan dit liet kennen doe’t ik myn freon Rolf kennen learde. Ik kaam op mysels te wenjen en krige in buorman dy’t Dylan draaide en al gau wie der in klik. Hoe soe it ek oars. Fan it ien kaam it oar. ‘Ken je deze,’ frege er op in kear en hy liet my in prachtige plateboks sjen mei de titel Fruit Tree.
Ik mocht ’m wol eefkes liene. Ik draaide de trije lp’s dy’t der yn sieten en ik wie ferkocht. Every one of them words rang true and glowed like burning coal (Dylan yn Tangled up in blue) en sa wie it! Fives leaves left, Bryter Layter en Pink Moon. Ik bin bang dat ik binnen in wike de boks yn ’e hûs hie.
Wie it de stim, heas en kwetsber? Wie it dat de sjonger mar 26 jier wurden wie, en fiif jier earder as dat ik him hearde, ferstoarn wie? Wiene it syn prachtige klassyk-romantyske teksten fol symbolyk en weltschmerz? De kombinaasje tink ik.
Nick Drake wie in romantikus, in grut leafhawwer fan William Blake, mar ek lykas Arthur Rimbaud in symbolist. En – lykas ús eigen Slauerhoff – wenne er yn syn songs. Dream wit the sun and the skies / To float away in a lifelong song / In the mists where melody flies.
Mar Nick Drake wie ek in yntroverte jonge, sa’n kreative geast dy’t eins altyd yn iensumens libbe omdat er net it fermogen hie om de oar werklik te berikken. If songs were lines in a conversation, the situation would be fine, sjongt er yn dat skitterjende Hazey Jane II. In nûmer fan de plaat Bryter Layter, in hearlike, up-tempo, jazzy popplaat.
Mar op syn tredde en lêste plaat Pink Moon komt dat ûnfermogen, it ferlangen nei ivichheid en ferwizingen nei stjerlikens faaks op symbolistyske wize wol hiel tichtby. Why leave me hanging on a star? When you deem me so high, when you deem me so high. En yn it titelnûmer Pink Moon sjongt er: I saw it written and I saw it say / Pink moon is on it’s way / And none of you will stand so tall / Pink moon is gonna get you all.
Nick Drake wie al frij depressyf doe’t er dizze sobere plaat mei allinnich dy typyske finger-picking-wize fan gitaarspyljen en syn stim opnaam. Wrang is it eins wol dat krekt in bedriuw as VW yn 2000 dit nûmer brûkte yn syn kabrio-kommersjel en dêrmei dit ûnbegrepen talint op de kaart sette. Echt suksesfol wie er yn syn eigen tiid ommers net.
Trije jier letter nei it ferskinen fan Pink Moon ferstoar Nick Drake yn syn âlderlik hûs oan in oerdoasis antydepressiva. Guon seine dat er him sels tekoart dien hie, oaren woene ha dat it in ûngelok wie, it gie nammentlik wer in stik better mei him. Hoe dan ek, de Black eyed dog fan Pink Moon hie him roppen.
Yn Nick Drake syn poëzy is neist dy romantyske langstme en dy ferwizingen nei net begrepen te wurden ek in hast net te ûnderdrukken freugde en ferwûndering te finen. Miskien is it dêrom dat Northern Sky my sa dierber is, ik ha dy noardske himel ek en ik ha ien nedich dy’t dy himel yn fjoer en flam set. Drake’s Hazey Jane I en II is myn Amsterdamske Jane wurden. Dingen kinne wûnderlik ferrinne.
Ik ha destiids, krekt op mysels en allinnich, Bryter Layter, myn favoryt fan de trije, hiel wat ôfdraaid. Ik wit noch sa goed dat ik altyd siet te wachtsjen op dy earste, hast himelske lûden dy’t de yntro wiene fan dat op ien nei lêste nûmer, Northern Sky. Ik krij der noch altiten pikefel fan. It sil noait oergean.

Nick Drake hinget no boppe myn wurkbank yn Anloo. At ik oan it klussen bin, hâldt er my altyd yn ’e gaten

 

Northern Sky

I never felt magic crazy as this
I never saw moons, knew the meaning of the sea
I never held emotion in the palm of my hand
Or felt sweet breezes in the top of a tree
But now you’re here
Brighten my northern sky
I’ve been a long time that I’m waiting
Been a long that I’m blown
I’ve been a long time that I’ve wandered
Through the people I have known
Oh, if you would and you could
Straighten my new mind’s eye
Would you love me for my money?
Would you love me for my head?
Would you love me through the winter?
Would you love me ‘til I’m dead?
Oh, if you would and you could
Come blow your horn on high
I never felt magic crazy as this
I never saw moons, knew the meaning of the sea
I never held emotion in the palm of my hand
Or felt sweet breezes in the top of a tree
But now you’re here
Brighten my northern sky

Nick Drake

 

 

 

 

 

 

 

 

Foto 1

 

 

Foto 2

One Reply to “Winterpinnestreek 1 – Jan Kooistra”

  1. Wat moai skreaun, tankewol foar dit ‘ynkykje’. De stim fan Nick Drake, de melodyen en ritmes fan syn ferskes… It rekket je earne en giet djip sitten. Prachtich. En iensum.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *