Foto’s Gatske Kraak














Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf













Fiif foar Rixt, dichterskollektyf Rixt bestiet 5 jier en in tal dichters derfan beslute elke wike Noardewyn mei 5 minuten oan gedichten.
Sjoch en harkje op Youtube
Foto’s: Geart Tigchelaar












Op sneintemiddei 22 oktober, fan 15.00-17.00 oere, wurdt it monumintale gebou fan de iisferiening Nijelamer omtsjoend ta in muzyk- en dichterspoadium. De bekende Stellingwerver muzikanten Karts Berkenbosch en Mark Verbeek sille in like yntym as ferrassend optreden fersoargje en dêromhinne sille seis dichters foardrage út de krekt ferskynde bondel It ritme fan RIXT. It wurdt in kulturele middei op syn Stellingwerfs bêst!
It ritme fan RIXT is in dichtbondel ta gelegenheid fan 5 jier dichterskollektyf RIXT. Der steane gedichten yn fan mar leafst 50 dichters. Seis fan harren komme 22 oktober nei Nijelamer: Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, Ineke van der Heide, André Looijenga, Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Hindirk Hannema. Edwin de Groot sil as earbetoan ek in pear Stellinfwerfse gedichten fan de ferstoarne dichter Tsjisse Hettema foardrage.
It oantal plakken is beheind. Jou dy op fia in mail nei info@uitgeverijlouise.nl of belje útjouwer Eddy van der Noord (06-54983002). In kaartsje kostet mar 5 euro, en dat is ek nochris ynklusyf in drankje en hapke! Lokaasjeadres: Kooiweg 22, Nijelamer.

It ritme fan RIXT yn de Aerdenplaats
Op sneintemiddei 15 oktober, fan 15.00-17.00 oere, is de Aerdenplaats yn Ouwe-Syl even in meartalig dichterspoadium: de Biltske skriuwer, dichter en muzikant Hein Jaap Hilarides treedt dan op mei sân oare dichters. Sy drage foar út de krekt ferskynde bondel It ritme fan RIXT. Hein Jaap makket muzyk en draacht ek foar. It wurdt in dichtersmiddei op syn Biltse bêst!
It ritme fan RIXT is in jubileumbondel ta gelegenheid fan 5 jier dichterskollektyf RIXT. Yn de bondel stiet poëzy fan mar leafst 50 dichters út Fryslân. Acht van harren komme 15 oktober nei Aldebiltsyl: Gerard Marcel de Jong, Arjan Hut, Martsje de Jong, Marije de Lange, Sipke de Schiffart, Simon Oosting, Jetze de Vries, Syds Wiersma en Hein Jaap Hilarides.
It oantal plakken is beheind. Jou dy dus gau op fia in mail nei info@uitgeverijlouise.nl of belje útjouwer Eddy van der Noord (06-54983002). In kaartsje kostet mar 5 euro, en dat is ek nochris ynklusyf in drankje en lekkere hapkes!
Datum: snein 15 oktober
Tijd: 15-17 oere
Locatie: Aerdenplaats, Ds. Schuilingstraat 4-6, Aldebiltsyl

Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert.
Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.
Op 18 oktober is de boekpresintaasje. Dêrby sil Tigchelaar de Fryske oersetting foarlêze. Fierders sil syn Nederlânsk/Fryske kollega-proazadichter Nyk de Vries de muzyk fersoargje, jout oersetster Lammie Post-Oostenbrink in skôging fan Deenske literatuer yn oersetting en drage de Fryske dichters Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Cornelis van der Wal harren Aarhusiaanske gedicht út de bondel Oar hûs / Et andet hus foar. De jûn begjint om 20:00 oere en de tagong is fergees.
Carsten René Nielsen briek yn 1989 yn Denemarken troch by it grutte publyk mei de bondel Cirkler. Hy stiet sûnt dy tiid as dé Deenske proazadichter bekend en hat yn ’e rin fan ’e tiid syn oeuvre gâns útwreide. Ienenfjirtich dingen is njonken it Frysk oersetten yn it Ingelsk en Italiaansk.
