Skriuw mei oan Lyts gelok!

Hokker lyts gelok fertsjinnet in grutter ferhaal?

Wat is bysûnder op in fierder deagewoane dei, wat falt ta as alles tsjin liket te sitten, wat bliuwt gelokkich altyd itselde ek al is al it oare yn beweging?

Foar Lyts gelok siket Ljouwert UNESCO City of Literature 100 bysûndere literêre teksten oer dy mominten datst krekt even oars sjochst nei wat der is. Nim ús mei yn de ferwûndering dy’t dy samar oerfalle kin, en beskriuw de lytse freugden dy’t de dei kleurje, de fraksjes fan gelok dêr’tst hast oer stroffelje kinst.

Hokker lytse (ûn)opfallende saken fertsjinje in grutter ferhaal? – dat trouwens hielendal gjin grut ferhaal hoecht te wêzen, mar ek in koartere tekst, gedicht, dialooch, strip, ferske, oertinking wêze mei

deadline foar it ynstjoeren: snein 10 novimber
kinst yn elke taal en yn elk literêr sjenre skriuwe
dyn tekst bestiet út maksimaal 1.500 wurden

Yn de 100 dagen fan trijejierliks kultureel programma Arcadia yn de simmer fan 2025 yn Fryslân, makket Ljouwert UNESCO City of Literature elke dei ien fan dy nije teksten iepenbier op hieltyd in oare ûnferwachte manier, om sa by te dragen oan krekt dy deistige ferwûndering. Lyts gelok is it ferfolch op Utsteld gelok en ûndersiket fierder wêr’t we de ljochtpuntsjes fine kinne yn ús libben, dêr’t we ús oan fêsthâlde kinne yn tiden fan grut leed yn de wrâld.

Sjoch foar mear ynfo by Leeuwarden City of Literature

De Elemintêre Deelen yn It Tripgemaal

Nocht oan in noflike middei?

Op de sneintemiddeis 13 en 20 oktober organisearret it Frysk dichterskollektyf RIXT yn gearwurking mei Stifting It Tripgemaal twa poëtyske middeis yn Gersleat.

Wurd, byld en klank op de unike lokaasje fan It Tripgemaal makket de middeis foar publyk ta in unike ûnderfining. It tema “De Elemintêre Deelen” slút hjir hielendal by oan.

Tolve RIXT-dichters presintearje eigen wurk. Dêrneist sil op de earste sneintemiddei de Ierske dichter John Brown út Belfast optrede.

Tuskentroch is der muzyk. Sa spilet 13 oktober it pop-folkduo ‘biologisch afbreekbaar’. De dichters binne dy middei: Syds Wiersma, Lara Kool, Christa Niklewicz, Anne Heegstra, Job Degenaar en Tanja van Abbema.

Op 20 oktober spilet Anna Machteld (solo) en binne de dichters: Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Carla van der Zwaag, Ypie Bakker, Janna van der Meer en Bauke Terpstra.

Der binne bondels te keap fan ferskate dichters en ek fan de jubileumbondel fan RIXT (2023) binne noch eksimplaren te krijen.

Data: 13 en 20 oktober fan 14.00 – 16.00 oere, ynrin fan 13.30 oere ôf.

Tagong fergees – in frijwillige donaasje wurdt tige op priis steld.

Plak: It Tripgemaal, Heafeartswei 14 yn Gersleat

De middeis wurde finânsjeel stipe troch de Gemeente Hearrenfean en Provinsje Fryslân.

Sjoch ek
: https://www.hettripgemaal.nl/agenda/frysk-dichterskollektyf-rixt-met-de-elemintere-deelen


Foto: Bauke Terpstra

RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

Tiisdeitejûn 23 april, op Wrâldboekedei, organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar yn kafee De Gouden Leeuw.

Dielnimmers oan de RIXT-kursus ‘Poëzy Skriuwe’ fan ôfrûne winter drage foar út wurk dat sy by de kursus skreaun hawwe. Nei it skoft is der Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ignasi Ripoll en Syds Wiersma drage fersen fan ferskate Katalaanske dichters foar, dy’t sy it ôfrûne jier yn it Frysk oerset hawwe.

Op 23 april is it UNESCO Wrâldboekedei. Sûnt 1995 is der dy dei yn in soad lannen bysûndere oandacht foar it belang fan lêzen en boeken. De oarsprong fan Wrâldboekedei leit ûnder oaren yn de Katalaanske feestdei fan ‘San Jordi’. Dy dei wurdt dêr wijd oan literatuer en leafde, mei boeken en roazen kocht en weijûn as kadootsjes. De sintra fan in soad Katalaanske stêden en doarpen steane dan fol mei boeke- en roazekreamkes.

23 april is ek de dei dat yn Spanje de skriuwer Miguel de Cervantes eare wurdt en it is de stjerdei fan William Shakespeare yn 1616.

———————————————————————————————————————

Datum: 23 april

Tiid: 19.30-21.30 oere (ynrin: 19.00)

Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert – te finen op de Bûterhoeke 1

Tagong: fergees

Dichters: Janna van der Meer, Minke Postma, Caroline Verschure, Tanja van Abbema, Ypie Haitsma, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Froukje Reitsema, Lara Kool, Bauke Terpstra, Ignasi Ripoll en Syds Wiersma

Oanmelde fia: https://tresoar.nl/bezoeken/agenda/rixt-literer-sirkwy

Kursus Poëzy Skriuwe by RIXT

 

Foar it twadde jier organisearje wy in kursus Poëzy Skriuwe yn kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. De kursus is útsmard oer fjirtjin jûnen en wurdt fersoarge troch sân dichters dy’t oansletten binne by RIXT. Yn april hâlde wy in ôfslutende literêre jûn, iepen foar publyk, dêr’t de kursisten de gelegenheid krije om wurk dat se foar de kursus skreaun hawwe foar te dragen.

Ein jannewaris gie der in kursusjûn oer it oersetten fan poëzy. Dichter Simon Oosting fersoarge dy jûn. Ien fan syn opdrachten wie: set it gedicht ‘De middelen’ fan Anne Vegter oer yn it Frysk. Dat gedicht is ûnderdiel fan de Poëzyrûte Ljouwert en stiet op in stiennen tableau by kafee Wouters. De kursisten hawwe in mienskiplike oersetting makke. Mei tastimming fan de Poëzyrûte publisearje wy dy hjir.

Foar it Nederlânske gedicht fan Anne Vegter, sjoch: https://www.poezieroute.nl

De foto’s fan de oersetjûn binne makke troch Geart Tigchelaar.

De middels

Wat helpt is in wûnder,
in sintúch is ek in geunst.

Wat helpt is in dôfhûdich bern,
it feroaret, it set útein.

Wat helpt is in swiere par,
barstend fan sin oan de plôk.

Wat helpt is in tatoeaazje:
‘leafde is de som fan gemis’

Wat helpt is de jefte fan in freon,
hy slikket syn glinsterjende hân.

Wat helpt is in bûgjende kening,
hy lekt in trien op syn lân.

 

Oersetting:
dielnimmers poëzykursus RIXT
2024

 

Lân, loft en leafde – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

Tsien jier ferlyn ferstoar Tsjêbbe Hettinga, ien fan de grutste en meast foaroansteande nei-oarlochske Fryske dichters. Snein 26 novimber set stichting ‘Een brug slaan’ yn ’e Klameare yn Warkum in middei en jûn op priemmen dêr’t de persoan en it wurk fan Hettinga oan ’e oarder komme. Publisist Bert Looper lit syn ljocht skine oer it tema lânskip yn Hettinga syn poëzy. Tryater-aktrise Eline de Vries draacht it gedicht ‘Oan ’e brek, in dei’ foar. Dichter Syds Wiersma komt op ’e tekst oer de ûntwikkeling fan Hettinga syn foardracht. Filmmakker Piter Hettinga lit in rige filmbylden oer syn heit sjen. Yn in rûntepetear komt kunde oan it wurd mei ferhalen en anekdoaten. Der is muzyk fan de jazzband Breed Freed, dêr’t Hettinga saksofoan yn spile, en fan perkusjonist en performer Basile Maneka. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan skriuwer en publisist Sietske Poepjes. Yn it skoft skoot it publyk mei-inoar om tafel foar sop mei in brochje.
Entree € 15,00 ( iten sit dêr by yn)

Plak, datum en tiid: De Klameare, 26 novimber, fan 16.00 oant 21.00 oere.
Kaartsjes bestelle kin fia: www.klameare-workum.nl