Op sneintemiddei 22 oktober, fan 15.00-17.00 oere, wurdt it monumintale gebou fan de iisferiening Nijelamer omtsjoend ta in muzyk- en dichterspoadium. De bekende Stellingwerver muzikanten Karts Berkenbosch en Mark Verbeek sille in like yntym as ferrassend optreden fersoargje en dêromhinne sille seis dichters foardrage út de krekt ferskynde bondel It ritme fan RIXT. It wurdt in kulturele middei op syn Stellingwerfs bêst!
It ritme fan RIXT is in dichtbondel ta gelegenheid fan 5 jier dichterskollektyf RIXT. Der steane gedichten yn fan mar leafst 50 dichters. Seis fan harren komme 22 oktober nei Nijelamer: Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, Ineke van der Heide, André Looijenga, Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Hindirk Hannema. Edwin de Groot sil as earbetoan ek in pear Stellinfwerfse gedichten fan de ferstoarne dichter Tsjisse Hettema foardrage.
It oantal plakken is beheind. Jou dy op fia in mail nei info@uitgeverijlouise.nl of belje útjouwer Eddy van der Noord (06-54983002). In kaartsje kostet mar 5 euro, en dat is ek nochris ynklusyf in drankje en hapke! Lokaasjeadres: Kooiweg 22, Nijelamer.