taktiliteit

By de beide poëzijmiddeis fan RIXT yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’.
Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west.
Hjoed it gedicht ‘Taktiliteit’ dat Ypie Bakker gearstald hat.

 

Foto: Bauke Terpstra

 

taktiliteit

yn ‘e jûnsoeren hokket jongfolk achter bline doarren
skaftketen lardearre mei ôfwaaid praat
hearst der net by bist net gelokkich dyn gedachtekrêft
net ôfsteld op deselde golflingte as mienskip en fûgel

nimmen wit fan sompe en greppel
it hiem bûtenút
groeipine yn houtnerven
de wrâld in grouwélige ôfgrûn

it duorret langer foar dy, bist in dreamer in dichter libbenslang útfanhûs
dyn thús in ljochtspegeling fan opfleanend reinbôgewetter
bjusterbaarlik hoe’t delten hichten wurde ast it perspektyf feroarest ast ja
seist tsjin lykweardigens, tiid en sin net bedjerre litst troch njirren fan agresje

dyn rispinge: yn wibeltwiich enoarme beam sjen dêr’t grutske
ûnwaarsfûgels skûlje foar bluisterige stoarmwyn en yn ’t pypskoft skoalbern
ferdivedaasje sykje, fryske stabij as tank balstjurrich syn geurflagge útset
poddestuollen as skieppetsyskes út krûderike blèdegrûn barste

earms omfiemje rûge bast
ûnrêst wurdt trochslûze
giet oer yn natuerrêst
sopstream brûst troch bloedstream

 

 

Swiet

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har twadde moannegedicht is ‘Swiet’.

 

Swiet

Sytske hâldt fan sûkelade,
fan sûkerbôle
fan sjerp en sjem
fan ierdbeien mei sûker deroer!

Sytske priuwt in sitroen
sa soer, sa soer…
ik sjoch it oan har mûle
har mûle kin der wier net oer.

Trip god, dichter of filosoof

By de twa poëzijmiddeis yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it “TripOer-gedicht”
Fjouwer dichters fan RIXT ha mei de ynsammele wurden te set west.
Hjoed it gedicht ‘Trip nog maal’ dat Christa Niklewicz gearstald hat.

 

Trip nog maal. Foto: Bauke Terpstra

 

Trip god, dichter of filosoof

====

Do bist útfanhûs op de wrâld, dizze wrâld
Op syk nei ferdivedaasje

As in beam sûgest krêft út de sompe
Sjochst oer hiem, mienskip en ús rispinge
Priuwst mei goed sin fan in grouwélich stik skieppetsiis
Wylst bjusterbaarlike natuerrêst útstjoerst

===

Myn ôfwaaid praat is oergien yn hurde wyn
Myn golflingte bedjert
By de ûnwaarsfûgel dy’t mei agresje oan bline doarren rammelet
Om’t groeipine de tiid oerlibje sil

Bluisterich pikt de fûgel rûnom de kearn fan it houtnerf
“Het duurde langer, uw proces is doorgesluisd naar een volgende dimensie”

Moat ik my ynhâlde foar it pypskoft fan in god – lardearre mei balstjurrige taktiliteit?
Hy sil filosoof of dichter wêze
Dy’t fanút syn -mei opfleanend reinbôgewetter en stoarmwyn lardearre schaftwagon-
Myn ôfgrûn bestjoert

Is myn wibelich wêzen foar dy in ljochtspegeling?
Binne wy lykweardich?
Fregest oft ik lokkich bin hjir bûtenút
Ik sis: Ja, enoarm
Bist grutsk op ús, hingest de flagge foar ús út
Dyn krêftich tinken is as in bluisterich kruidenrijk yn abendstunden

== god, dichter en/of filosoof ===
Tige tank foar it wetter yn ’e greppel
Der’t de Fryske Stabij, kij en wy ús de fuotten yn sette
Der’t in njirre lavearjend de kop heech hâld

Utfanhûs

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har earste gedicht is Utfanhûs.

Foto: Ineke van der Heide

 

Utfanhûs

Toskeboarstel yn ’e tas
bearke yn ’e bûse
pyama net ferjitte
ik gean útfanhûs.

Dei heit, dei mem
ik sil by beppe koese
ik gean útfanhûs
en moarn kom ik werom.

abendstunden

By de twa poëzijmiddeis yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it “TripOer-gedicht”

Fjouwer dichters fan RIXT ha mei de ynsammele wurden te set west.

Hjoed it gedicht Abendstunden dat Bauke Terpstra gearstald hat.

 

Foto: Bauke Terpstra

*wurden yn – kursyf – bin troch besikers fan de poëzymiddei De Elemintêre Deelen oanlevere as wurd foar it ‘TripGemaal-gedicht’.

natuerkunde

Edwin de Groot is de dichter fan de moanne novimber 2024 by RIXT. Syn twadde moannegedicht is ‘natuerkunde’.

 

                                                    Foar Mychájlo Drai-Chmára
                                                    Syn lêste wurden: Smoarge kloatsek
                                                    Kolyma; 19-01-1939

natuerkunde

op appél sjongt de boal
eltse fiifde yn de rige
krijt de kûgel

do stiest op seis: nim my, sparje dat jonge libben
en treft it dat hy krekt foar dy stiet
de krêft fan it skot dy op ’e rêch kwakt

net mei dyn gesicht yn de dridze
net mei dyn noas op it puntsje fan syn learzens
as wie it datst dy tutest

Noardlike Himel / Northern Sky

Jan Kooistra makke in oersetting fan Northern Sky fan Nick Drake

Noardlike Himel / Northern Sky

nea earder fielde ik betsjoening sa fûleindich as dit
nea earder seach ik moannen
of wist ik wat de see sizze woe
nea earder hie ik triennen yn de palm fan myn hân
of fielde ik hoe’t it heech yn in beam
swiet rûzje koe
mar no datst hjir bist
jou myn noardlike himel wer fjoer

ik ha sa lang wachtsje moatten
sa lang de spylbal west fan in weach
it is sa lang dat ik omdoarme ha
by de minsken dy’t ik seach
oh ast it woest en ast it koest
jou myn nij geasteseach wer ris foer

soesto my leafhawwe om myn jild?
soesto my leafhawwe om myn lea?
soesto my leafhawwe de hiele winter lang?
soesto my leafhawwe oant myn dea?
oh asto dat woest en ast it koest
kom op blaas dan heech út dyn toer

nea earder fielde ik betsjoening sa fûleindich as dit
nea earder seach ik moannen
of wist ik wat de see sizze woe
nea earder hie ik triennen yn de palm fan myn hân
of fielde ik hoe’t it heech yn in beam
swiet rûzje koe
mar no datst hjir bist
jou myn noardlike himel wer fjoer

De orizjinele ferzje is te finen op YouTube mei lyrics:
https://www.youtube.com/watch?v=t-lI5hAoZSc