Bauke Terpstra

Bauke Terpstra (Koatstertille, 1970) hat op syn njoggenentritichste de kar makke, in libben yn leantsjinst los te litten en as byldzjend keunster fierder te gean.

It meitsjen fan skilderijen, foto’s, objekten en assemblaazjes fan fûn materiaal is wêr’t er him mei dwaande hâldt. Ek it dichtsjen as keunstfoarm hat mear romte krigen yn it deistich bestean.

Observearje wat der om him hinne bart is in tige wichtige boarne fan ynspiraasje. In dichtrigel of in wurd kin samar oanspiele, troch de loft fleane, op strjitte of lâns de dyk lizze, yn in petear foarby komme of yn in bakje mei âlde spikers lizze.

It doel is om mei dit ferskaat oan keunstfoarmen by himsels (en miskien ek by in oar) doarkes te iepenjen, sadat der romte ûnstiet foar in oare werklikheid.

Ynstjoerde gedichten
Yn dizze neakene stêd (30 oktober 2023)
Ichtus (16 novimber 2023)
Under York (3 desimber 2023)
Iensume mar (9 jannewaris 2024)


YN DIZZE NEAKENE STÊD

yn dizze neakene stêd
hearst tuskentroch
it ferrin fan tiid

fallen

yn parten
wêrfan’t it tocht
ûnderskied te meitsjen
ta wichtich en lit mar rinne

mar ynstee dêrfan
krûpt it swarte beest
troch stege en lytse herne

it wol my bite


© Bauke Terpstra