Moannedichter fan RIXT Anne Feddema by Iepen Up

Woansdeitejûn 18 septimber treedt der wer in Frysk dichter op by IepenUp Live. Dizze kear is dat Anne Feddema, moannedichter by RIXT yn septimber. Tema fan de jûn is: Wat docht Tinder mei dyn brein?  Haadgast fan de jûn is professor Vasily Klucharev, Neuro-econoom út Moskou en ekspert op it mêd fan de ynfloed fan sosjale media op de harsens.
Seal: Neushoorn, De Backstage
20.00 (ynrin: 19.30)
Tagong fergees
IepenUp Live is te folgjen op  Omropfryslan.nl, yn  de Omrop-app en op de  Facebookside fan Omrop Fryslân

Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

Yn de âlde Vitustsjerke yn Tersoal is op 20 septimber in jûn mei muzyk, ferhalen, gedichten en skiednis. It tema is ‘Rispinge/Oogst’.

De skriuwers Syds Wiersma en André Looijenga sille al fertellend it publyk meinimme fan De Lege Geaën nei de westlike en eastlike úthoeken fan Europa. Muzikaal wurdt de jûn oplústere troch spylmansjonger Wytse Hospes, dy’t inkele lieten en gedichten op muzyk foar it fuortljocht bringe sil. Dêrneist sille der ek ljochtbylden fan Tersoal eartiids te sjen wêze. Yn it skoft kin der Hjersttee dronken wurde of in bakje Simmerkofje of fris.

Syds Wiersma komt fan Grou. Hy dichtet oer it lânskip en oer de leafde. Syn nijste boek is Lân sûnder ljurk (2019), dêr’t ek in protte gedichten oer aktuele ûnderwerpen yn steane. Ofrûne simmer reizge Wiersma twa moannen troch Ierlân om ynspiraasje op te dwaan foar nij wurk.

André Looijenga is hikke en tein yn Tersoal. Hy wie ien fan de skriuwers fan Een Meelijwekkend Volk (2017), oer Fryslân yn de âldheid en de iere midsiuwen. Trije jier lyn brocht er de simmer troch yn Masedoanië, dêr’t er reisferhalen oer skreaun hat.

Looijenga en Wiersma sille inoar ynterviewe oer harren reizen, en in ferskaat oan eigen gedichten, oersettingen en ferhalen heare litte,

Datum: freed 20 septimber
Plak: Vitustsjerke, Tersoal
Tiid: 20.00 oere

Tagong: fergees / gratis, (ynkl. hjersttee / kofje. Oan de útgong kinne jo in frije bijdrage yn it ponkje kwyt.)

Foar mear ynformaasje:

André Looijenga, till. 0615402948, a.r.looijenga@gmail.com

of Stifting Vitustsjerke: mw. Thora Justesen, thora.justesen@ziggo.nl

The Arch

The Arch

Yn maart dit jier is Geart Tigchelaar fan Fryslân nei it Soutar Festival of Words yn Perth (Skotlân) fytst. Op dat poëzyfestival hie er in lêzing mei de Skotske dichter David Eyre, dy’t gie oer de relaasje tusken it Frysk en it Ingelsk oan ’e hân fan Tigchelaar syn wurk. Eyre is dwaande Tigchelaar syn debútbondel leech hert yn nij jek (Hispel 2016) nei it Skotsk oer te setten.
Tigchelaar hie it sammele wurk fan Soutar mei yn syn fytstas. Fierders hie de dichter ek syn kamera meinommen, dat hy hie himsels de opdracht jûn om alle dagen in foto te nimmen dat goed paste by in gedicht of fragmint en publisearre dat op de sosjale media. De organisaasje fan StAnza Festival yn St Andrews (Tigchelaar hat dêr yn 2018 optreden) fûnen dat in wakker moai inisjatyf en hawwe dêrom de foto’s en fersen bondele yn in e-boek dat no fergees del te laden is.

http://stanzapoetry.org/blog/arch-including-poems-william-soutar

Tigchelaar hat ek in gedicht skreaun dat ynspirearre is op it libben en wurk fan William Soutar. Dat is oersetten troch Eyre yn it Skotsk en hjirre publisearre.

Dichter fan de Moanne op Oranjewoud Festival

Dichter fan de Moanne op Oranjewoud Festival

Simon Oosting, yn maaie de Dichter fan de Moanne by RIXT, treedt
kommende freedtemiddei op by IepenUp Live. De multitalige talkshow fan
Fryslân is trije dagen oanwêzich yn de Proeftuin fan it Oranjewoud
Festival: freed fan 16-17.30; sneon fan 19.30-21.00; snein fan 16-17.30.
Sneintemiddei treedt RIXT-dichter Syds Wiersma op by IepenUP.

Lês fierder by it Oranjewoudfestival

Fjouwer dichters fan RIXT by Jan Ritskes Poëzienacht

Vijfde editie Jan Ritskes Poëzienacht met Friese dichters

Het tweejaarlijkse poëzie-event in Twijzel speelt zich af onder de blote hemel, in de sfeervolle 19de eeuwse, romantische tuin van het Simke Kloostermanhuis. Wie het eerder mee heeft maakt spreekt van een bijzondere, unieke ervaring. Dit jaar extra feestelijk in verband met het 10-jarige jubileum van organisator Stichting Keunstkrite Twizel. Wâlddichter Arjan Hut schreef een speciaal gedicht voor de gelegenheid.

De Jan Ritskes Poëzienacht biedt een podium aan zowel jong talent als gevestigde dichters uit Friesland en omstreken. Er wordt een intiem, tweetalig programma geboden waarbij voor de vijfde editie gekozen is voor een aantal gerenommeerde Friestalige poëten. Wâlddichter Arjan Hut krijgt een uitgebreid podium: hij schreef een speciaal jubileumgedicht voor de Keunstkrite rond het thema “Kunst verbindt – mensen, plaatsen, tijden”, dat voor het eerst zal worden voorgedragen. Optredens ook van dichters Elmar Kuiper, Janneke Spoelstra, Syds Wiersma en Dirk Geerdink van het Frysk Dichterskollektyf RIXT, Sigrid Kingma en de Nederlandstalige dichter Job Degenaar. Een afwisselend, goed gekozen, divers programma met moderne en klassieke dichtvormen en voordrachtsstijlen. Het publiek wordt een frisse blik op taalkunst en taalgebruik geboden.

De parkachtige tuin die door de naamgever Jan Ritskes Kloosterman rond 1876 werd aangelegd, vormt niet alleen een sprookjesachtig decor, maar is ook onderdeel van het programma. Het publiek wordt via een korte wandeling langs de Hermitage naar “it Hazzekampke” geleid, waar de voordrachten plaatsvinden. De presentatie wordt op theatrale wijze verzorgd door Matty de Vries en Boukje Fennema, de muziek door Op Streek wereldmuziek. Bij de poëzieavond worden diverse bundels aangeboden en kunnen boeken worden gesigneerd.

Wanneer: Vrijdag 31 mei a.s. Waar: Simke Kloostermanhuis, Tsjerkebuorren 27, 9286EZ Twijzel. De tuin is open vanaf 19.30 uur, het programma start om 20.00 uur en duurt tot 23.00 uur. Entree is € 7,50 (voorverkoop) of € 10 (kassa). Informatie en voorverkoop via www.keunstkrite.nl en www.facebook.com/JanRitskes/

RIXT-dichter Yva Hokwerda  by ‘Dood en Begraven’

RIXT-dichter Yva Hokwerda  by ‘Dood en Begraven’

Zaterdagochtend 11 mei 2019 organiseert Stichting Langstme een bijzonder
cultureel evenement rondom het thema ‘Dood en Begraven’. Aanvang is om
10.30 uur op de rooms-katholieke begraafplaats aan de Leeuwarderweg in
Sneek. Dichter Marrit Jellema en verhalenverteller Folkert Poiesz geven
acte de presence. Mirjam van Brug, Gerk Venema en Judith
Eppinga-Leijendekker verzorgen de muzikale omlijsting.

Het tweede deel vindt plaats op de dodenakker van Loënga, waar rond de
klok van 11.15 uur naast Marrit Jellema ook dichter Yva Hokwerda verzen
presenteert. Daarna is een samenzijn met de laatste optredens in de
kantine van de naastgelegen OBW-boerderij ‘Zathe Pasveer’. Tegen
betaling kan er koffie of een andere consumptie worden genuttigd.
Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland en Uitvaartverzorging J.Æ. de Boer &
Zn. ondersteunen dit cultureel gebeuren met een financiële bijdrage.