Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

Yn de âlde Vitustsjerke yn Tersoal is op 20 septimber in jûn mei muzyk, ferhalen, gedichten en skiednis. It tema is ‘Rispinge/Oogst’.

De skriuwers Syds Wiersma en André Looijenga sille al fertellend it publyk meinimme fan De Lege Geaën nei de westlike en eastlike úthoeken fan Europa. Muzikaal wurdt de jûn oplústere troch spylmansjonger Wytse Hospes, dy’t inkele lieten en gedichten op muzyk foar it fuortljocht bringe sil. Dêrneist sille der ek ljochtbylden fan Tersoal eartiids te sjen wêze. Yn it skoft kin der Hjersttee dronken wurde of in bakje Simmerkofje of fris.

Syds Wiersma komt fan Grou. Hy dichtet oer it lânskip en oer de leafde. Syn nijste boek is Lân sûnder ljurk (2019), dêr’t ek in protte gedichten oer aktuele ûnderwerpen yn steane. Ofrûne simmer reizge Wiersma twa moannen troch Ierlân om ynspiraasje op te dwaan foar nij wurk.

André Looijenga is hikke en tein yn Tersoal. Hy wie ien fan de skriuwers fan Een Meelijwekkend Volk (2017), oer Fryslân yn de âldheid en de iere midsiuwen. Trije jier lyn brocht er de simmer troch yn Masedoanië, dêr’t er reisferhalen oer skreaun hat.

Looijenga en Wiersma sille inoar ynterviewe oer harren reizen, en in ferskaat oan eigen gedichten, oersettingen en ferhalen heare litte,

Datum: freed 20 septimber
Plak: Vitustsjerke, Tersoal
Tiid: 20.00 oere

Tagong: fergees / gratis, (ynkl. hjersttee / kofje. Oan de útgong kinne jo in frije bijdrage yn it ponkje kwyt.)

Foar mear ynformaasje:

André Looijenga, till. 0615402948, a.r.looijenga@gmail.com

of Stifting Vitustsjerke: mw. Thora Justesen, thora.justesen@ziggo.nl

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.