Ik sing tun de sin

Hjirûnder, yn it Biltsk, it earste moannegedicht fan Hein Jaap Hilarides, ús dichter fan de moanne jannewaris.

Foto: Markus Hagenlocher

Ik sing tun de sin

Ik sing tun de sin,
niet tun ’t bestaan fan ôflopen jaar.

Nee, ik sing foor ’t dinken dat
altyd an de tând foeld worre mot
om bij de fantasy te bliven, ferbeelder
fan ’n woordewereld die’t wij beweune.

Ferbeelding maakt de woordewereld beweunber,
’n onbeweunber ferklaarde weuning de sin.

Ik kyk na de dichter.
De dichter rúkt my, weet wer’t ik staan.
Sou hij mij fine? Mooi?
Ik rúk syn swakke, soete knoflooksmaak.

Ik ferlies myn geur,
myn bladsys rake los.
De dichter siet mij. Dos niet?
Hij komt na mij toe, betast mij en flústert:

’t Wekflessy sait dat ’t water niet deugt.
’t Water ferwyt ’t glâs deursichtighyd.

It makket net út

Hjoed Henk Nijp syn twadde moannegedicht fan desimber: ‘It makket net út’. In gedicht oer de jierwiksel. It omsjen nei it jier dat ôfrint, it oereidzjen fan wat west hat, de top-safolle fan fanalles, de listkes… hast elkenien docht it, mar hoefolle sin hat it eins, want diene saken nimme gjin kear, of yn goed Frysk: it bern is der, it moat ret wurde. It fers giet oer de tiid dy’t ferstrykt en net te kearen is, want ‘wy kinne inkeld mar foarút…’

Henk Nijp, ‘As time goes by/De tiid fljocht’, 2017, pelkarton/akrylferve/mingde technyk, 18×28 sm. Foto: Henk Nijp

 

it makket net út

it makket net út as ik de eagen tichtknyp
of as in mol in ridde graaf,
bulten bou mei wachters om de meter

it feroaret net as ik dy meinim
it trekpaad del nei dêr’t it eachein stjurret
en te ferdwinen yn de groeden fan ’e jûn

it is omdoch as ik de wyk nim,
my betink wat ik better sizze kinnen hie
of weikrûp achter gelde wurden

it hat gjin doel om te flechtsjen yn de moaiskyn
fan kartelknipte printen yn murve albums
en sjong wer it selde âlde wyske

it hat gjin sin en sykje om ferfleine dagen,
fandelje fersliten dreamen yn ’e iggen fan ’e nacht
of te betinken hoe’t it wêze kinnen hie

wy keare wier de tikken net, net de eroazje fan ’e tiid
rinne wankel oer in hege koarde,
kinne inkeld mar foarút

@Henk Nijp

Goederjousk

De meastentiids smoute feestmoanne desimber is mei it Sinteklaas- en Krystfeest en Ald en Nij by útstek de moanne fan it jaan en it krijen. Henk Nijp, dichter fan de moanne desimber, skreau der in light-verse oer.

Goederjousk

ik mei graach wat krije mar
jou ek gauris wat werom:
meitsje moarnsbetiid de bôle klear
mei kofje, soms mei sjú
mar earst doch ik dyn yoga-oefeningen,
draai de ferwaarming op
helje de krante út ’e bus
klau dêrnei ôfwaskmasine leech
en set it diggelguod te plak
stofsûgerje it hiele hûs;
boppe, ûnder en it hok
knip de hage om ’e foartún
en achter by de sleat
snoei de wylde wylgen
soe it gers ek meane
mar wy ha gjin greidehiem
it is hjir inkeld grint en tegels
dus poarkje ik it túch mar út ’e foegen
fervje de kezinen as it der oan ta is
de doarren en de drompels
meitsje alle dagen waarm iten
mei jirpels, fleis en griente
himmelje it húske en putsje fan ’e dûs
poets de brillen skjin
helje smoarge dridze út ’e goaten
draai gauris de fine wask
en de bûnte en de wite
neitiid giet dy dan de drûger yn
of oan ’e line en
letter opteard yn ’e kast
it striken doch ik net
want dat is gjin dwaan
plak fytsbannen mei gatsjes
beide, foar en efter,
en pomp de boel wer op
tank elke kear de auto fol,
do rydst ’m yn no-time wol wer leech
typ it wachtwurd fan dyn webakkounts
set dyn hantekening op e-mails
ûnthâld dyn DigiD
folje de belesting yn
lês ik dy de rouberjochten foar
tropje dêrnei de krante by it âld papier
en as it jûns wat tsjuster wurdt
doch ik de gerdinen ticht
set noch gau de kliko by de dyk
doch de telefyzje út,
poets noch krekt dyn tosken net en
ljochtsje fierder ôf,
wy ferskjinje sa no en dan it bêd
mar dan ha ik wer gjin kessen en sit
ek sûnder sloop

want do dielst inkeld mar de lekkens út

@Henk Nijp

In kultureel rondiel

Dichter fan de moanne novimber Cornelis van der Wal skreau in âlderwetsk rondiel, nei oanlieding fan it ôfsluten fan Kulturele Haadstêd 2018.

In kultureel rondiel

De kultuer hat Ljouwert no foargoed ferlitten,
Gûlend sitte ik en kaktus foar it grize rút.
Yn ‘e simmer stapten reuzen troch de strjitten,
De kultuer hat Ljouwert no foargoed ferlitten.
Fryske hynders draafden, swit op de gebitten,
De Aldehou noch briker mei Obe foar de snút.
De kultuer hat Ljouwert no foargoed ferlitten,
Gûlend sitte ik en kaktus foar it grize rút.

 

 

 

Hout en Snie

Dat it Frysk útstjerre sil, wurdt al ieuwenlang sein. Mar it giet tsjintwurdich wol hiel rap, de ynfloed fan it Hollânsk is hast net mear te kearen en it ûnderwiis yn it Frysk stelt neat foar. De oerheid fynt it, sa liket it, wol bêst allegearre. Is it al te let?

Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne novimber by RIXT

Sniekristallen. Foto: Wilson Bentley (1902)

 

Hout en Snie

Yn it Frysk te skriuwen liket op ‘e hjerst,
it hier fan slûgjende skoalmasters rûgelet

op blêden griis papier, de houtene pinne
fermôget stadich. It is dus de natoer.

Yn it Frysk te skriuwen liket op stjerren.
Dichter draaft as wite rôt yn it winterrêd

om en kin net fuort. Hy skriuwt mei snie.
De literêre Maitiid komt net mear, seit Pyt.

© Cornelis van der Wal

 

 

it waar kin samar omslaan achter snits

Stel der is in keunstner. Dy fersmyt alle konvinsjonele patroanen om oer de werklikheid te fertellen. Lizzende hoarizonnen, fallende skaden efter feiten op ’e grûn: dat seit allegearre neat oer hoe’t de minske syn wrâld ûnderfynt, dat hup fuort dermei. Mar oan syn keunstwurk komt op in dei ien foarby. En dy wol der in ferhaal oer fertelle dat neffens de werklikheid fan no is …

Eppie Dam is yn oktober gastdichter foar RIXT.

Johan Haanstra, ‘Scharnegoutum’, 1982/1983, oaljeferve op linnen, 80 x 80 sm, mei tank oan Ina Hogen Esch

it waar kin samar omslaan achter snits

‘is er ook een camping die een beetje
aan scharnegoutum doet denken?’

ierlân yndachtich
omfreedzje fjouwer seizoenen de dei
skearnegoutum ferivige op linnen
kanteljend skilderij fan klimaat yn ’e oalje

sa kin it byld feroarje
yn in bestek fan 80 bij 80
dat in etmiel duorret

it reint pipestâlen sinnebrokken
hoannebalken bargebongen
noch gjin ko-om-halzen
hazzesprongen tuorrebouten
en samar reint it skieppekoppen

hiele brouten heale soalen reint it
like hurd as koaleskoppen
hinnebouten molestiennen
foetôfdrukken fan de waaromslach
dy’t merakelmoai belukt
hjoed om te begjinnen
yn ûnskuldich skearnegoutum

sokken as fokke en sukke
wolle ergens hjir wol hinne

© Eppie Dam

Dit fers ferskynt yn 2019 yn de bondel omstreken by Utjouwer DeRyp, Blauhús

simmerkermis op de hommerts

Neat bringt in aha-erlebnis as in skilderij: hea, sjocht it der wier sa út? As it wurk—fan Johan Haanstra; yn it atelier makke—in plaknamme krijt, fiteret dat ekstra oan ta ferlykjen. En hifkjen. It Fryske buordoarpke? Mar de arbitrêre kleuren binne lang net natuerlik foar it ôfbylde lân en it tsjerkje is hielendal ferfoarme. It palet is urgint, de foarmen ekspressyf, de ritmes net rjocht harmoanysk. Alles botst en it libben komt yn ’e bekniping.
Eppie Dam is yn oktober gastdichter foar RIXT.

Johan Haanstra, ‘Hommerts’, 1979, oaljeferve op linnen, 50 x 40 sm, mei tank oan Ina Hogen Esch. Foto: Arend Loerts.

 

simmerkermis op de hommerts

mei jutryp noch fier fan de kealslach

de simmer tennist yn in rokje
en feecht it fearreplomke
fan in sûkerspûne dei
luchtich oer de hommerts

âld sinne hat nei goed gebrûk
har oaljekoek fol fruchten bakt
en telde sels de brommels nei
de krinten en rezinen
it rotsen nogablok fol swiet
dêr’t út gods glêzen bol wei sjoen
noch noait in stien yn siet

jutryp dûnset op ’e trampoline
en klompeleas lichtfuottich
nimt de lêste sompeflinter
har ballet fan âlde kleuren mei
de koprol oan it kessen weage
en noch de eagen frij fan pine
om toarre greiden read as jarre

© Eppie Dam

Dit fers ferskynt yn 2019 yn de bondel omstreken by Utjouwer DeRyp, Blauhús