Ofwiisd yn ’e hel / Afvist i helved

Ofwiisd yn ’e hel / Afvist i helved is Tomas Dalgaard syn twadde moannegedicht fan Maart 2026.

Ofwiisd yn ’e hel

Sjochst net dat it hjir fol sit
snuorre de duvel dûm
mei ferkrêfters
sadisten en lustmoardners
Knoarren kriminelen
Rasisten
Oarlochsmisdiedigers
Pedofile rikelju
Spikerhurde bankdirekteuren
Folk dat ferrifelet
en alles docht foar jild
Hjir is gjin plak foar
sa’n sokses as do
Sels al ha ik de saak
faker as ien kear útwreide
alles sit hjir
jierren yn ’t foar al fol
Der binne hiel wat minsken
dy’t it fertsjinje
om teistere en tamtearre te wurden
foar har wandieden
Dêrby ha ik it op ’t heden smoardrok
mei it opstellen fan it sûnderegister
foar de boekhâlder
It is hjir gjin sneinsskoalle
mar de hel mei flammen oeral
Hast ek mar in idee
fan wat it kostet
om it fjoer baarnend te hâlden
It mei my net barre
om ien oan te nimmen
dus moat ik
alle wurk sels dwaan
De stookkosten
kostje my de kop
As der dan sa’n ûnnoazele as do
oandweiljen komt
moat ik de doar
wol iependwaan
Dan begjint it te sigen
en rint de gasrekken
noch fierder op
Do bist mar in lytse sûnder
Dus pak op foar’t ik fan gedachten feroarje
en dy hjirûnder hâld

Tomas Dalgaard / oersetting Martsje de Jong

Afvist i helvede

Kan du ikke se her er fyldt op snerrer satan stresset
Med voldtægtsmænd
sadister og lystmordere
Alle mulige misdædere
Racister
Krigsforbrydere
Pædofile rigmænd
Skruppelløse bankdirektører
Mennesker som har svindlet
og vil gøre alt for penge
Her er ikke plads til
sådan et nul som dig
Selv om jeg har udvidet geschæften flere gange
er her booket op
mange år i forvejen
Der er mange mennesker
som fortjener
at blive pint og plaget
for deres ugerninger
Desuden har jeg dødtravlt lige nu med at udarbejde synderegisteret til revisoren
Det her er ikke nogen søndagsskole
men helvede med flammer over det hele
Er du klar over
hvad det koster
at holde ilden ved lige
Jeg har ikke råd til
at have nogen ansat
men må gøre
alt arbejdet selv
Varmeregningen er ved
at ruinere mig
Når sådan en idiot som dig kommer rendende
er jeg jo nødt til
at åbne porten
Sådan at det trækker
og varmeregningen
bliver endnu større
Du er kun en lille synder
Så fis af før jeg skifter mening
og beholder dig hernede

Ministerresept / Ministeropskrift

Tomas Dalgaard is dichter fan de moanne maart by RIXT.  Ministerresept / Ministeropskrift is syn earste moannegedicht.

foto: Geart Tigchelaar

Ministerresept
Nim in diel idealisme en twa dielen persoanlike ambysje
en knyp der in daai fan dat net krommelet
Ming der in teeleppel talint troch
in ytleppel rabberij en jaknikkerij fan de slimste soarte
en 25 gram gêst
Lit de oankommende minister op in waarm plak rize
bygelyks yn it Keamerkafee
Wat langer tiid te rizen
wat handiger en liniger de minister wurdt yn it ligen
it ferjitten fan feiten
en it feilleas fertellen fan wat de kiezer hearre wol
Bestryk eventueel mei moansied
dêr binne se gleon om yn it bedriuwslibben
Set de minister yn in foarferwaarme oven
in heal oere op 225 graden
Helje de minister út de oven en beklopje de ûnderkant
Klinkt it hol dan is de minister klear om minister te wêzen

Ministeropskrift
Tag en del idealisme og to dele personlig ærgerrighed
og rør det sammen til en dej som ikke smuldrer
Tilsæt en teskefuld talent
En spiseskefuld eftersnakkeri og medløberi af værste skuffe
og 25 gram gær
Lad den kommende minister hæve et lunt sted
F.eks i Snapsetinget
Jo længere tid ministeren hæver
desto mere smidig og behændig bliver ministeren til at lyve
og undlade kendsgerninger
og fortælle vælgerne lige præcis det de gerne vil høre
Pensl eventuelt ministeren med blå birkes
Det kan de godt lide i erhvervslivet
og sæt ministeren i en forvarmet ovn
225 grader i en halv time
Tag ministeren ud af ovnen og bank under bunden
Lyder det hult er ministeren klar til at være minister

Oersetting Martsje de Jong

Yn it moanneljocht: De takomst fan BF Nederlân

Geart Tigchelaar is dichter fan febrewaris 2026:

‘It nije kabinet is oansteande. It stimpel fan de VVD is yn it regearakkoart tige grut. It binne wer de lytse man, de natoer en de takomst dy’t ferbuolguodde wurde. De riken wurde riker op kosten fan in oar. Is der noch in takomst foar Nederlân of jouwe wy it oer oan it kaptaal? Lit de minsken ferhûzje nei oer de grins, dan meitsje wy fan ús kikkerlantsje in meunster fan yndustry en lânbou. Oplost. Om’t it fers ‘De takomst fan BF Nederlân’ (op 30 juny 2020 op RIXT pleatst) aktueel bliuwt, set ik it hjirby yn it moanneljocht.’

 

Foto: Geart Tigchelaar

De takomst fan BF Nederlân

natoer hâldt op te bestean dêr’t in minskehân
delstrykt earst leaflik al gau ta in fûst slacht alles
lytsman is nimmen mear yn it lân dat gjin lân is
fersnipele knipt en plakt ta in wangedrocht en
beholden fan ’e drinkeldea mei diken deltawurken
skaad slacht del fan wynmûnen en in inkelde
helikopter dy’t de arbeiders nei en fan har wurk
yn it lân dat gjin lân mear is mar yndustrygebiet
mei grutte kavels boulân, greide, in inkelde pleats
dêr’t gebou, dyk, auto út it stee wrotten binne
troch fabryk, sinnepark en trekker want dêr’t net
mear te libjen falt hawwe de minsken harren
te wenjen setten oer de grinzen hinne en it lân dat
gjin lân mear is opjûn oan de wolfeart allinnich
om’t wy trochfokke trochfokke trochfokke oant
it skom ús út ’e bek hinget en de fersmoarging
eksportearje yn lyts lantsje moat grut tocht wurde
mei oars net as oerbleaune boeren en opsichters
treinen binne allinnich frachttreinen frachttreinen
frachttreinen fansels draaie havens en skiphol
op folle toeren dat hoech ik dy net te fertellen
mar de natoer dan fregest hat ’m altiten rêden
dat hat altiten sa west dat sil altiten sa bliuwe
bist en plant siket mar in oar hinnekommen as
yn it lân dat gjin lân is de wrâld is grutternôch
it ferlet oan fretten noch grutter wy pompe
pompe pompe de mage fan ús ferlerne heitelân
leech oant elkenien syn of har gerak kriget
dat ommers is foarútgong en takomstbestindich

Harkje nei dit fers op Soundcloud

 

Hounspolder

Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Hounspolder’ is syn earste moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar


hounspolder

lêze kin ik net
buordsjes fan hjir net briede
sykje mar in oar plak
binne oan my net bestege

fleane kin ik wol
en dat hiele einen
yn febrewaris kom ik
út afrika nei nederlân
sûnder te tanken
of in gehakbal yn sjú

navigearje kin ik as de bêste
sûnder gps en lânskaart
nettsjinsteande al jim ljochten
bebouwing en lânhonger

briede kin ik ek
al gau in aai as fjouwer
fyn marris in plakje
foar in moai nestke

ik sei al
lêze kin ik net
dus wat in reade list is
wit ik net
dat ik dêr op stean
fernuveret my net

fernuverje kin ik dus ek
oer it feit dat jim my grutsk neame
kening fan ’e greide
botte keningsgesind binne jim oars net
it lit him riede hoe’t jim omgeane
mei bisten dy’t net fan adel binne

prate kin ik net
dichtsje dan wol wer
dus ik einigje mei rym

wat in ferskuorrende kolder
dat jim bouwe yn ’e hounspolder!

 

Harkje nei dit fers op Soundcloud

Feroaring

Aukje-Tjitske is dichter fan de moanne Jannewaris 2026 by RIXT.
Se set it gedicht ‘Feroaring’ út har bondel Geosmine (2025) yn it moanneljocht:

‘As ik it nijs folgje, krij ik gauris pikefel en langje ik nei feroaring. Dêr giet dit fers oer. Ik moast dêrby ek in bytsje oan it gedicht ‘De rop om Doede’ fan Hidde Boersma tinke en de moaie opbou yn it gedicht ‘Wer net’ fan Harmen Wind. En fansels foaral oan it flintereffekt. It moaie oan dat effekt is dat lytse dingen derta dogge en feroaring teweech bringe kinne, ek al fielt in inkelde stap faak sa lyts en sinleas. Ik tink dat der mear minsken langje nei feroaring, mar hokker feroaring dat krekt wêze moat, is noch net sa dúdlik.’


Feroaring

it begjint mei in sigentsje
datst allinne mei de lippen heine kinst
foar’st it witst, blaast it fuort
mar mei in flinterke gelok
wurdt it in twirre
in brekking in heal idee

as it oanboazet ta in flaach,

silst it sjen oan ‘e beammen
sil it oer dyn wangen aaie
groeie ta in pûst in wyn
in oertsjûging dy’t minsken fynt
tûken hieltyd hurder swaaie lit

en dan – in net te hâlden stoarm
dat fluitet om dyn oandacht
dy de siken benimt dy bespringt
alle eangst fuortblaast
dy de kop wer skerp raast

it sil oer de seeën bolderje
alle lannen kriten nij dwaan
oer woastinen bosken prairies jeie
sjonge dûnsje dichtsje
oarloch dien jaan
al it kromme rjocht draaie

de fraach is no:
hokker flinter ha wy nedich
hokker wjukslach

Ut:
Geosmine; gedichten van een geurende aarde (2025)

Net brekke

Aukje-Tjitske, stedsdichter fan Terneuzen, is moannedichter fan jannewaris 2026 by RIXT. ‘Net brekke’ is har earste moannegedicht.

 

Foto: Aukje-Tjitske Dieleman

 

Net brekke

Der brekt hjir neat
ik wol gjin diggels fiele
lymje alle stikken

dyn hert dyn fuotten
dyn holle dyn eagen
benammen dyn eagen

Der brekt hjir neat
ik wol gjin barsten hearre
gjin lang piipjen
fan in sikehûsmonitor

Praat leaver
fan in ûnderbrekken
in ûnderbrutsen steat

dy’t aanst – as ik myn eagen iepen doch
gewoan wer mei dy fierder giet