skeind is in fers fan Janna van der Meer.

skeind
aansten geane se ’t te liif
bûten tiid en witten om
mei blinkend ark
snije yn wat ik sels
nea sa bleat
ûnder eagen seach
it ferbûn fan fleis
tusken my en mem
tusken my en bern
it sil der om gean
net te fielen
wat der net mear is

